Wer subsydzjejild beskikber foar de Fryske Waadeilannen
Adviseurs fan de Provinsje (Streekkantoar de Waadeilannen), it Waadfûns, it Gearwurkingsferbân fan de eilângemeenten (Regiodeal), Doarpswurk, Sport Fryslân en Keunstwurk binne yn septimber op de Fryske Waadeilannen om jo te ynformearjen oer de beskikbere subsydzjemooglikheden foar jo eilân op it mêd fan leefberens, sport, mobiliteit, kultuer, natuer & lânskip.
Jo binne fan herte wolkom op de ûndersteande dagen en lokaasjes. Foar de ynformaasjejûn hoege jo jo net oan te melden, de kofje stiet klear.
Jo kinne ek jo ideeën en plannen yn in persoanlik petear mei in adviseur beprate by de ynrinmoarn. Dêrfoar is in oanmelding wol handich, dat dogge jo fia ûndersteand mailadres of op de ynformaasjejûn.
Help nedich by it skriuwen fan in pakkend projektplan?
Foar it realisearjen fan ideeën is in projektplan nedich. Ek hjir wolle wy jo by op'en paad helpe. Ynteresse? Meld jo dan oan foar de workshop “Hoe skriuw ik in sterk projektplan” dy’t yn gearwurking mei Doarpswurk fergees oanbean wurdt.
Wanneer bezoeken we welk eiland?
It Amelân woansdei 3 en tongersdei 4 septimber 2025 | |
Workshop projektplan skriuwe | 3/9 oanfang 16.00 oere, ein 17.30 oere, Heksenketel, Nes |
Ynformaasje jûn | 3/9 ynrin 19.30 oere, 20.00 - 22.00 oere, Kultuermuseum, Nes |
Ynrinsprekoere | 4/9 fan 09.00 oere ôf oant 11.30 oere, Kultuermuseum, Nes |
Skylge tiisdei 9 en woansdei 10 septimber 2025 | |
Workshop projektplan skriuwe | 9/9 oanfang 16.00 oere, ein 17.30 oere, Hotel Bornholm, West-TS |
Ynformaasje jûn | 9/9 ynrin 19.30 oere, 20.00 – 22.00 oere, Hotel Bornholm, West-TS |
Ynrinsprekoere | 10/9 fan 09.00 oere ôf oant 11.30 oere, Hotel Bornholm, West-TS |
Skiermûntseach tongersdei 11 en freed 12 septimber 2025 | |
Workshop projektplan skriuwe | 11/9 oanfang 15.30 oere, ein 17.00 oere, Doarpshûs Ons Centrum |
Ynformaasje jûn | 11/9 ynrin 19.30 oere, 20.00 - 22.00 oere, Doarpshûs Ons Centrum |
Ynrinsprekoere | 12/9 fan 09.00 oere ôf oant 11.30 oere, Doarpshûs Ons Centrum |
Flylân tiisdei 16 en woansdei 17 septimber 2025 | |
Workshop projektplan skriuwe | 16/9 begjin 16.15, ein 17.45, Riedsseal Gemeentehûs |
Ynformaasje jûn | 16/9 ynrin 19.30 oere, 20.00 - 22.00 oere, Doarpshûs De Vliestroom |
Ynrinsprekoere | 17/9 fan 08.30 oere ôf oant 10.30 oere, Doarpshûs De Vliestroom |
Hawwe jo fragen of wolle jo jo ynskriuwe foar de workshop Projektplan skriuwe of jo oanmelde foar it ynrinsprekoere? Stjoer dan in mail nei eilanden@fryslan.frl
Wolle jo mear witte oer projekten dy't al subsydzje krigen hawwe? Sjoch dan op www.waddenfonds.nl/projecten of op www.streekwurk.frl/projectenkaart