Underhâld Zijlroedebrug Lemmer
Op woansdei 21 maaie fan 19.00 oere ôf oant uterlik tongersdei 22 maaie 06.00 oere wurkje wy oan de Zijlroedebrêge op De Lemmer. De brêge is dan sletten foar autoferkear. Fytsers, snor/bromfytsers en fuotgongers kinne wol passearje.
Om feilich wurkje te kinnen, slute we de brêge en liede it autoferkear lokaal om. Dêrfoar pleatse wy giele omliedingsbuorden.
Wy ferfange û.o. de slytslaach op it stielen brêgedek. Hjirby binne wy ôfhinklik fan it waar. By min waar wurde de wurksumheden trochskood nei tongersdei 22 maaie 19.00 oere of freed 23 maaie 19.00 oere. Yn beide gefallen oant 06.00 oere de oare moarns, of earder as it kin. Mei dit ûnderhâldswurk soargje wy foar in feilige en betroubere wurking fan de brêge.
