Tytsy Willemsma waarnimmend boargemaster op It Amelân

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat hjoed, 29 septimber 2025, op it provinsjehûs yn Ljouwert Tytsy Willemsma beëdige as waarnimmend boargemaster fan de gemeente It Amelân. Se is tydlik opfolger fan Leo Pieter Stoel dy't sûnt 22 septimber ll. boargemaster is fan de gemeente De Fryske Marren. 

Frou Willemsma begjint moarn gelyk en bliuwt oan ta de beneaming fan in Kroanbeneamde boargemaster fan It Amelân. Dy beneaming fynt op syn betiidst ein takom jier plak yn ferbân mei de gemeenteriedsferkiezingen mids maart. Sa koart mooglik nei de ferkiezingen sil besjoen wurde wannear’t de fakatuere iepensteld wurde sil.

De kommissaris fan de Kening en de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried fan It Amelân hawwe ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De ried hat oan de kommissaris winsken kenber meitsje kinnen wêr't de waarnimmer oan hearde te foldwaan. De ried giet no oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. De syktocht nei in nije boargemaster set útein neidat de ried de profylskets fêststeld hat. De waarnimmer sil, yn oerlis mei de fertrouwenskommisje en frou Willemsma sels, net ûnderdiel wêze fan de proseduere om te kommen ta in nije Kroanbeneamde boargemaster.

Frou Willemsma wie sûnt febrewaris 2019 wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dêrfoar wie sy adviseur fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN) by it Hûs fan de Nederlânske Provinsjes yn Brussel (2011-2019) en wethâlder yn de gemeente Dongeradiel (2006-2011). Mei de beneaming fan Willemsma komt it tal froulike boargemasters yn Fryslân op acht. Dêrmei is hast de helte fan it Fryske boargemasterskorps frou.