Dizze regeling is op dit stuit sletten.

Skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne subsydzje oanfreegje foar in ferbliuw by in groepsakkommodaasje of by in Fryske ûndernimming dy’t groepsekskurzjes yn Fryslân oanbiedt. Omdat wy skoallen en ûndernimmers mei groepsakkommodaasjes graach stypje wolle, is de regeling ferlinge, sadat jo noch oant 1 april 2022 in oanfraach yntsjinje kinne. De perioade wêryn’t de aktiviteit syn beslach krije moat, wurdt ferlinge oant 30 desimber 2022. Dêrneist wurdt it foar mbo, hbo en wo-ynstellingen mooglik om yn dizze perioade in oanfraach de stúdzjerjochting of stúdzjesektor yn te tsjinjen. Op grûn fan de eardere regeling gie it om maksimaal 1 oanfraach de fêstiging.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Subsydzje kin oanfrege wurde troch it foechhawwende gesach fan in skoalle foar fuortset ûnderwiis of in ynstelling foar mbo, hbo of wo foar:

  1. Ferbliuw yn in groepsakkommodaasje;
  2. In groepsekskurzje bûtendoar mei in edukatyf karakter.
  • De aktiviteiten moatte yn Fryslân wêze.
  • De regeling wurdt mei weromwurkjende krêft ferlinge oant 1 april 2022. Dat betsjut dat ek oanfragen dy’t nei 1 novimber ynkommen binne yn behanneling nommen wurde;
  • Skoallen dy’t fuortset ûnderwiis oanbiede kinne de fêstigingslokaasje yn Fryslân ien kear subsydzje krije.
  • Mbû-, hbû- of wû-ynstellings kinne de stúdzjerjochting of stúdzjesektor ien kear subsydzje krije.
  • Skoallen en ynstellings dy’t o/m 1 novimber 2021 op grûn fan ’e eardere regeling in oanfraach dien hawwe en subsydzje krigen hawwe, kinne opnij oanfreegje en ien kear subsydzje krije.
  • Oanfregers kinne ûnderskate aktiviteiten bondelje yn ien oanfraach.
  • De perioade wêryn’t de aktiviteit syn beslach krije moat is tusken 1 juny 2021 en 30 desimber 2022.

Foar de oare ynformaasje wurdt nei de Subsydzjeregeling, de wizigingsbesluten en de taheakke 1(eksterne keppeling) ferwiisd. Lêze jo dy foar it yntsjinjen fan de oanfraach goed troch, om teloarstellingen foar te kommen.

Subsydzjebedrach

It subsydzje bedraacht op syn meast 80% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 10.000 de oanfraach.

Der jildt in maksimum fan € 50,- de learling/studint/begelieder de oernachting, mei in maksimum fan 4 nachten. Foar ien of mear groepsekskurzjes is dat op syn meast € 30,- de learling/studint. Tinke jo oan it meistjoeren fan in ûnderbouwing fan de kosten mei de oanfraach yn ‘e foarm fan in offerte of opdrachtbefêstiging?

It subsydzjeplafond foar dizze regeling is € 500.000.  

Oanfraachformulier

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it beskikbere oanfraachformulier. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en de taheakken derby te dwaan. Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DS folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Printsje it formulier
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle frege taheakken ek printe wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken mei de post nei de provinsje.

Faak stelde fragen

- Wa mei subsydzje oanfreegje en de oanfraach ûndertekenje?

Allinne skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne it subsydzje oanfreegje. Om fêst te stellen wa’t der rjochtsjildich ûndertekenje mei hawwe jo it úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel (KvK) nedich. Op it úttreksel fan de KvK steane de bestjoerders neamd dy’t de oanfraach dwaan meie. De bestjoerders kinne in meiwurker fan de skoalle machtigje om de oanfraach te dwaan, dan moat der in bewiis fan machtiging oan de stikken by de oanfraach tafoege wurde.

- Hokker kosten binne subsidiabele kosten?

Kosten dy’t wol subsidiabel binne:

  1. Ferbliuw fan learling en studinten yn in groepsakkommodaasje, oant in maksimum fan 4 nachten;
  2. Ferbliuw fan begelieders yn in groepsakkommodaasje, oant in maksimum fan 4 nachten, mei de betingst dat foar op syn meast 1 begelieder de 5 learlingen of studinten subsydzje ferliend wurdt;
  3. Kosten fan iten en net-alkohoalyske dranken, dy’t yn it arranzjemint fan de groepsakkommodaasje falle;
  4. In groepsekskurzje foar learlingen of studinten.
  5. By in annulearring binne yn guon gefallen ek subsydzjemooglikheden.

- Hokker kosten binne net subsidiabel?

  1. Kosten fan iten en drinken, oars as dy’t troch de groepsakkommodaasje oanbean wurde;
  2. Ferfierskosten;
  3. Personielskosten;
  4. Kosten foar it meidwaan fan in begelieder oan in groepsekskurzje;
  5. Kosten foar tickets of tagongskaarten (in groepsekskurzje dy’t inkeld en allinne út ferdivedaasje bestiet, lykas bygelyks paintbalje, lasergame, karte, midzjetgolvje, adventure park,  op in mountain bike/quad/segway/autopet ride ensfh., komme net foar subsydzje yn oanmerking);
  6. Kosten foar de oanskaf fan produkten, oars as edukative lesmaterialen foar in groepsekskurzje;
  7. Kosten fan fersekeringen;
  8. Kosten foar it opstellen fan de subsydzje-oanfraach.

- Hoe bondelje jo de ûnderskate aktiviteiten yn ien oanfraach?

Om’t jo mar ien kear subsydzje krije kinne, meie jo ûnderskate ekskurzjes en/of ferbliuwen bondelje.

Fan elke ekskurzje en/of elk ferbliuw moat in offerte of faktuer byfoege wurde as bylage en jo heakje in tabel ta dêr’t yn stiet hokker groep oft hokker ekskurzje docht. Der jilde maksimum bedraggen de persoan, en mei de tabel toane jo oan dat jo oanfraach past yn ’e regeling.

- Hoe bepale jo de stúdzjerjochting of stúdzjesektor foar jo oanfraach?

Yn ’e bylage by de regeling binne de mooglike stúdzjerjochtings/stúdzjesektoaren dy’t by de mbû-, hbû- en wû-opliedings yn Fryslân hearre te finen. Hawwe jo nei oanlieding fan ’e bylage noch fragen, nim dan kontakt mei ús op.

It frege subsydzjebedrach is op syn heechst 80% fan ’e subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 10.000,- de fêstiging fan in skoalle of stúdzjerjochting of stúdzjesektor fan in ynstelling. Jo kinne dat as neikomt berekkenje.

- Hoe berekkenje jo it frege bedrach?

It frege subsydzjebedrach is op syn heechst 80% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 10.000 de fêstiging fan in skoalle of stúdzjerjochting of stúdzjesektor fan in ynstelling. Jo kinne dat as neikomt berekkenje.

Foarbyld:

De middelbere skoalle fan it Hearrenfean giet op wurkwike nei Bakkefean mei 28 learlingen en 2 leararen. De offerte sjocht der sa út:      

Ferbliuw yn groepsakkommodaasje “ Appel ”

30 persoanen

Ferbliuw 3 nachten foar 30 persoanen

€ 15,- p.p.p.n

€ 1.350

Toeristebelesting

€   1,- p.p.p.n

€      90

Service foar it moarnsiten     

€   5,- p.p.p.n

€    450

Skjinmakkosten

€    160

Deitocht met de boskwachter op moandei

€ 10,- p. leerling

€    280

Deitocht mei in skip út de brune float op tiisdei

€ 45,- p. learling

€ 1.260

Totaal offerte (inkl. BTW)      

€ 3.590

De oanfraach wurdt ynfolle foar it ferbliuw yn de groepsakkommodaasje en foar in groepsekskurzje. 

De kosten de persoan de nacht wurde € 2.050 / (3 * 30) = € 22,77

De kuier mei de boskwachter falt ûnder de groepsekskurzje, dy kostet € 10,- de learling. De deitocht mei de brune float falt ek ûnder de groepsekskurzje, dy kostet € 1.260,- en dat komt del op € 45,- de learling (begelieding by de groepsekskurzjes is net subsidiabel).

Dat betsjut dat it bedrach dat by de subsidiabele kosten ynfolle wurdt, € 3.950 is.

En it oan te freegjen subsydzjebedrach wurdt € 2480,-.

Omskriuwing fan de yn de oanfraach neamde aktiviteiten

Totale kosten út begrutting

Subsidiabele kosten

Oan te freegjen subsydzjebedrach

1

Groepsakkomodaasje Appel

€ 2.050,-

€ 2.050,-

€ 1.640,-*

2

Groepsekskurzje mei boskwachter

€    280,-

€    280,-

€    840

3Deitocht mei de brune float€ 1.260€ 1.260(28 * €30,-)**

Totaal

€ 2.330,-

€ 2.330,-

€ 2.480,-

* 80% fan € 2.050.-

** maksimaal € 30,- de learling

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum opnimme, fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.