Subsydzjebedrach €2.662.000 foar herstel monuminten

De provinsje Fryslân stelt dit jier €2.622.000,- beskikber foar de restauraasje fan karakteristike gebouwen, mûnen, gemeente- en (griene) ryksmonuminten yn Fryslân. Eigeners fan monuminten kinne dêr tusken 15 en 19 septimber 2025 in oanfraach foar yntsjinje. Deputearre Steaten hawwe de subsydzjeregeling op 22 april 2025 fêststeld.

Deputearre Eke Folkerts: “Monuminten spylje in grutte rol yn it ferhaal fan Fryslân en binne in part fan ús identiteit. De ferhalen oer de monuminten wolle wy yn libben hâlde, sjen litte en diele. Wy fine it dan ek tige wichtich om projekten te stypjen dy’t monuminten by de tiid hâlde, krekt as Boschhoeve yn Nijeberkeap dy’t wy ek stipe jûn hawwe. Wiis mei!”

De subsydzje is yn 2025 foar seis ûnderdielen en soarten monuminten oan te freegjen:

  1. Restauraasje fan boude ryksmonuminten (ek dielrestauraasjes);
  2. Nije bestimming fan boude ryksmonuminten;
  3. Restauraasje fan griene ryksmonuminten;
  4. Restauraasje en nije bestimming fan boude gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen;
  5. Underhâld fan ryksmonumintale mûnen;
  6. Plankosten foar restauraasje by in nije bestimming.

Hoefolle subsydzje is de kategory beskikber?

1aRestauraasje fan boude ryksmonuminten (ek dielrestauraasjes€ 1.477.000
1bNije bestimming fan boude ryksmonuminten€    300.000
2Restauraasje fan griene ryksmonuminten €    225.000 
3Restauraasje en nije bestimming fan boude gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen €    250.000
4Underhâld fan ryksmonumintale mûnen €    375.000
5Plankosten€      35.000
 Totaal€ 2.662.000

By de oanfraach binne foar elk ûnderdiel ferskate stikken nedich. It is wiis om tiid te reservearjen om dat goed te regeljen foar it yntsjinjen fan 15 septimber ôf. Op de webside www.fryslan.frl/monuminten fine jo mear ynformaasje.