De provinsje Fryslân set yn op stikstoflykwicht. In balâns tusken it ferbetterjen fan de Fryske natuer en strukturele ferleging fan stikstofdelslach, mar ek it mooglik meitsjen fan nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten. It stikstoffraachstik twingt ús om nei te tinken oer de takomst fan de Fryske natuer, it lânskip en de lânbou. Deputearre Steaten lizze Provinsjale Steaten fia in startnotysje in tal beliedskarren foar, om dy dêrnei fierder út te wurkjen yn in útfieringsprogramma.

Deputearre Fokkinga: “Fryslân wol robúste en fearkrêftige N2000-gebieten. Wy stribje nei in duorsume ekonomyske ûntwikkeling, benammen yn de suvelstring. It oplossen fan de stikstofproblematyk moat in bydrage leverje oan de transysje nei in duorsume en natuerynklusive lânbou. Op sa’n wize dat Fryslân foarop rint mei sirkulêre omrinlânbou. Dêrfoar is it ek wichtich dat fergunningferliening juridysk hâldber is.”

Koers oanskerpje

Om de doelen te heljen is op in tal tema’s in oanskerpe koers nedich. Deputearre Steaten lizze Provinsjale Steaten dêrom in tal beliedskarren en wurkwize foar. Sa wurdt útsteld om – neist de oanpak fan de minister – sels te ûndersykjen oft der doelbewuste lokale maatregels nommen wurde kinne om Fryske bedriuwen te legalisearjen. Dêrby giet it om de saneamde PAS-melders; bedriuwen dy’t nei it fuort fallen fan de Programmatische Aanpak Stikstof in fergunning nedich hawwe. Dêrneist wol it kolleezje de gebietsrjochte oanpak oangeande N2000-gebieten prioriteit jaan. Dêrby konsintrearret de provinsje him op stikstofboarnen dy’t it measte effekt op de kwetsbere N2000-gebieten hawwe. Fryslân wol him oanslute by it doel fan minister Schouten dat foar 2030 it stikstofnivo foar op syn minst de helte fan de hektaren natuer yn stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten sûn wêze moat. Dat betsjut ek dat foar de oare helte fan de hektaren it stikstofnivo yn 2030 mooglik net op oarder is. By dy doelstelling heart in fernijde balâns tusken ekonomy en natuer. As lêste stelle Deputearre Steaten út om de stikstofoanpak te finansierjen mei Ryksmiddels en dêrfoar gjin provinsjale middels beskikber te stellen. Op 17 febrewaris 2021 beslute Provinsjale Steaten oer de startnotysje. It útfieringsprogramma wurdt dêrnei yn ‘e simmer fan 2021 ferwachte.

Fryske oanpak

Fryslân wurket mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en mei-oerheden oan in stikstofoanpak. De Fryske stikstofoanpak is in gebietsrjochte oanpak. Maatregels moatte liede ta it ferbetterjen fan de Fryske natuer en strukturele ferleging fan de stikstofdelslach. Tagelyk moat it nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje.