Stieneke van der Graaf waarnimmend boargemaster fan Weststellingwerf

Stieneke van der Graaf is hjoed troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok beneamd as waarnimmend boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf. Se folget boargemaster André van de Nadort op dy't sûnt 14 april dit jier waarnimmer is yn de gemeente Waadhoeke as ferfanging fan de ûngenêslik sike Marga Waanders. 

Portretfoto Stieneke van der Graaf.

Frou Van der Graaf begjint op 7 maaie 2025 en bliuwt oan ta de beneaming fan in nije kroanbeneamde boargemaster yn Weststellingwerf. Mei de ried is ôfpraat dat de fakatuere foar in nije boargemaster nei de riedsferkiezings iepensteld wurdt. 

Stieneke van der Graaf (Zwartsluis, 1984) wie fan 2017 oant 2023 lid fan de Twadde Keamer út namme fan de ChristenUnie en fan 2007 oant 2017 lid fan Provinsjale Steaten fan Grinslân. Op dit stuit is se strategysk adviseur foar ûndernimmings, bedriuwenetwurken en ngo's op it mêd fan minskerjochten en ûndernimmen. 

De kommissaris fan de Kening en in delegaasje fan de gemeenteried fan Weststellingwerf hawwe nei it fuortgean fan Van de Nadort ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De ried hat oan Brok winsken kenber makke wêr't de waarnimmer oan hearde te foldwaan. De ried giet no oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. 

De wervingsproseduere set útein neidat de ried de profylskets fêststeld hat. De waarnimmer sil gjin ûnderdiel wêze fan dizze proseduere om te kommen ta in nije Kroanbeneamde boargemaster.