Fryslân hat as iennige fan de tolve Nederlânske provinsjes in Steatejacht, de boeier 'Friso'. Dat Fryslân de iennige is, is net sa ferwûnderlik foar in provinsje dy 't foar ûngefear in tredde út wetter bestiet. It fraaie skip spilet sûnt 1954 in wichtige rol yn de promoasjeaktiviteiten fan de provinsje.

De 'Friso' (neamd nei de stamheit fan de Friezen, de legindaryske kening Friso) is ien fan de bekendste ronde (platboaiem)jachten yn Nederlân. It skip, dat yn 1954 in offisjele funksje krige yn it ramt fan de represintaasje fan it Provinsjaal Bestjoer, hat in boeiende histoarje. Sûnt de bou (yn 1894) op de werf fan de ferneamde boeierbouwer Eeltje Holtrop van der Zee (' Eeltsjebaas ') op De Jouwer, hat de boeier in soad omswivingen makke. Sechstich jier dêrnei waard de 'Friso' nei Fryslân weromhelle, no as Steatejacht.

Foto van Friso in het Water

Foto's Steatejacht Friso

Besjoch mear foto's fan it Steatejacht Friso op Flickr(eksterne keppeling).

Film Steatejacht Friso

Hjirûnder kinne jo in film besjen oer it Steatejacht. De skippers meitsje it Steatejacht klear foar de feart. Dit dogge se yn it boathûs dêr't it Steatejacht leit as dy net brûkt wurdt. Se poetse it koper en it sulver en skrobje it dek. Der wurdt kofje en tee klear makke foar de passazjiers en it jacht wurdt fierder optúgd. De flagge wurdt op it terrein fan it boathûs hyst as teken dat it Steatejacht oan it farren is. Dan ferlit it jacht it boathûs foar in feart. It Steatejacht fart yn folle gloarje en mei de wyn yn de seilen oer it wetter. De flagge wapperet op it achterdek. Wannear't de feart foarby is wurdt it Steatejacht it boathûs yn fearn, de flagge wurdt nei binnen helle ten teken dat it Steatejacht wer yn it boathûs leit. De skippers romje alles op en dogge it ljocht út.