Steat fan it Fryske bioferskaat online te besjen
Benijd hoe't it mei it Fryske bioferskaat giet? Fia in nije online omjouwing kinne ynwenners, ûndersikers en organisaasjes sjen hoe't it giet mei de planten en bisten yn Fryslân giet. De provinsje Fryslân makket besteande gegevens en ûndersiken oer bioferskaat dêrmei tagonklik foar breed publyk.
Deputearre Matthijs de Vries: “Der wurdt yn Fryslân in soad ûndersyk dien nei al dy planten en bisten en harren leefomjouwing. Ferskate partijen en in soad frijwilligers drage dêr oan by. Wy fine it wichtich om dy data foar eltsenien beskikber te meitsjen en dêrmei it ferhaal fan it Fryske bioferskaat te fertellen. Ienfâldich is dat net. Der binne in hiel soad gegevens beskikber. It binne krekt allegear puzelstikjes dy’t wy oan inoar ferbine moatte om it bredere ferhaal fan ús bioferskaat te sketsen.”
Getallen en ferhalen
Yn de online omjouwing binne grafiken en tabellen te finen mei dêryn gegevens oer oantallen, trends en de fersprieding fan planten en bisten dy’t yn Fryslân foarkomme. Der komme yn Fryslân 1440 soarten foar dy't kwetsber, bedrige en/of beskerme binne. Fiifhûndert dêrfan hawwe in sterke bining mei Fryslân. Bygelyks de feanheaflinter, de wylde tulp, it waarlamke en de blauwe satynswam. Njonken al dy gegevens, wurdt der ek ferteld oer de keppeling mei it lânskip en de enoarme fariaasje oan natuer dy't we yn Fryslân ha.
It is net maklik om konklúzjes te ferbinen oan gegevens oer bioferskaat. Oan de iene kant om't der ferskate ûndersyksdoelen en mjitmetoaden brûkt wurde. Mar ek omdat der in soad faktoaren fan ynfloed binne. Tink oan waarsomstannichheden of feroaringen yn it lânskip en de wetterkwaliteit. Dêrom is der ek útlis oer wêr't alle ynformaasje weikomt en hoe't de gegevens lêzen en brûkt wurde kinne.
Yn ûntwikkeling
Op dit stuit befettet de online omjouwing in soad gegevens en resultaten fan besteande ûndersiken, jieroersjoggen, monitoaring en evaluaasjerapporten. It bliuwt yn ûntwikkeling en it wurdt de kommende jierren fierder oanfolle.
De online omjouwing is te finen fia Steat fan Fryslân.
