Sportsintrum Flidunen op Flylân
Flylân. Like oantreklik as drokbesocht yn de maitiid en de simmer mar - in lot dat it eilân mei de oare waadeilannen dielt - dochs ek inkele moannen fan it jier wat oan de gure en lege kant. Gelokkich beskikt it oer in sportsintrum mei dêryn in fitnessseal en in swimbad, wêrtroch't de Flylanners, mar ek de wintertoeristen en de oare minsken dy't der yn de kâldere moannen oanlizze, oan sportsintrum Flidunen in noflik ûnderkommen hawwe. Mar, sa fertelt David Heule, Flidunen is yntusken heechnedich ta oan in opknapbeurt. Hy is beliedsadviseur fan de gemeente Flylân en ien fan syn taken is it feilichstellen fan de takomst fan Flidunen. Want dat it bestean bliuwe moat, dêroer bestiet op it eilân net in soad twivel. “Der binne de ôfrûne tsien jier net de goede karren makke, wêrtroch’t wy no in ynhelslach meitsje moatte. It pân hat technyske oandacht nedich en de ynstallaasje fan it swimbad moat fernijd wurde, wol it iepen bliuwe kinne. En dat wolle we, want it mei in kostber ûnderdiel fan Flylân wêze, it is ek in hiel posityf ûnderdiel fan it eilân dat we koste wat kost behâlde wolle.."
En sa kaam de gemeente Flylân yn kontakt mei Gert-Jan Bouma fan KlimOp, it ferduorsumingsprogramma fan de provinsje Fryslân. Fia dat programma waarden der fiif senario’s opsteld dy't de takomst fan Flidunen feilich stelle koene en dy't kwa grûnichheid fariearren fan pappen en neitinken (wêrtroch't it oer in jier as tsien, fyftjin dochs noch slute moatte soe) oant de folsleine nijbou of it kreëarjen fan in seizoensbûne bûtenswimbad. Fia KlimOp kaam de gemeente Flylân yn kontakt mei twa partijen dy't de mooglikheden foar in ferbouwing yn kaart brochten. Dat moast, sa seit Heule, allegearre net te omslachtich barre. "Dat soe tsjin de siel fan de Flylanners yn gean. We wolle gjin dikke rapporten dy't troch in kompjûter makke binne en wêrst miskien ôfliede kinst hoefolle beammen der mei wûn binne, mar wêr'tst dochs noch net út ôfliede kinst hoe't it eins oanpakt wurde moat. It moast behoarlik konkreet wêze, praktysk útfierber, to the point."
En net al te djoer leafst, want mei in totale begrutting fan mar 10 miljoen euro yn it jier is de ferbouwing fan in sportsintrum as Flidunen foar Flylân al gau oan de flinke kant.. Heule: “De offertes foar alle fiif rûtes foelen ynearsten ôf. Ek de ienfâldichste rûte, dus dy fan pappen en nathouden, foel te djoer út. Doe bin ik op'e nij mei Gert-Jan om tafel gien om ta in oplossing kaam. Wy sochten in klup dy't yn alles paste by de eilander-mentaliteit. Pragmatysk, gau. Sa binne wy útkaam by HCL, dy't eins noch hurder levere as dat wy hope hiene en ferwachte.”
Nei de simmer beslút de gemeenteried oan de hân fan de rapportaazje hokker wei ynslein wurde sil. Heule sil de ried in soarte fan ‘menukaart’ foarlizze wêryn’t de technyske rapportaazje ferwurke is en wêryn’t ek de winsken fan tachtich Flylanners én seishûndert besikers fan it eilân fêstlein binne. Yn benammen de technyske ynstallaasje fan it swimbad sil ynvestearre wurde moatte, mar dêrneist moat ek de 'look and feel' fan it sportsintrum ferbettere wurde moatte. Sa eaget de entree fan it gebou datearre. Ien fan de mooglikheden op ferduorsuming - dat benammen delkomt op it drukken fan de enerzjykasten - is it lizzen fan in waarmtetracee nei de wettersuvering fan it rioel. Dat is in mooglikheid dy't troch it Wetterskip trochrekkene is en wêrby't Flidunen profitearje kinne soe fan de waarmtekapasiteit fan de suvering.
Mocht de ried ynstimme mei it senario dat Heule foar eagen hat, dan soe der op jierbasis ûngefear in heale ton oan enerzjykosten besparre wurde kinne. Neidat de ried in beslút naam hat oer de te kiezen rûte sil it plan yn de merk set wurde om de geskikte ynstallateurs en oare professionals te finen. Heule: “It soe moai wêze as KlimOp dêr yn de takomst ek wer by helpe kinne soe.” Neffens Bouma heart dat seker ta de mooglikheden en is it KlimOp-programma ek geskikt as partner yn it ferfolchtrajekt.