Skiermûntseach proeftún foar wetterynnovaasje
It eilân Skiermûntseach stiet de kommende jierren foar útdagingen op it mêd fan wetterbehear. Njonken selsfoarsjennend wêze, wol Skiermûntseach ek in ynspirearjend foarbyld wêze foar oaren op it mêd fan ynnovatyf en duorsum wetterbehear. De gemeente sjocht it eilân as in proeftún foar wetterynnovaasje, dêr't nije oplossingen ûntwikkele wurde, test en dield – fan reinwetteropfang oant sirkulêr wettergebrûk.
Troch gear te wurkjen mei kennisynstellingen, oerheden en maatskiplike partners ûntstiet in foarbyld foar de takomst. Skiermûntseach lit sjen hoe't wetterbehear bydrage kin oan in leefber en duorsum eilân. Wat hjir foar nedich is, stiet yn it yntegraal wetterplan, dat mei de eilanners opsteld is.
Yntegraal wetterplan
It Yntegraal Wetterplan beskriuwt de maatregels dy't nedich binne om de swietwetterbel op it eilân te behâlden en duorsum te benutten. De swietwetterbel soarget nammentlik foar de drinkwetterfoarsjenning op Skiermûntseach, omdat der gjin wetterlieding nei it eilân giet. In swietwetterbel is in massa swiet grûnwetter dy't op it omlizzende sâlte wetter driuwt. It ferskynsel is in gefolch fan it feit dat swiet wetter lichter is as sâlt wetter en yn de boaiem hast net fermingt. Hoe bliuwt der, ek yn de takomst, genôch (swiet) wetter foar drinkwetter, lânbou, natuer, bewenning, rekreaasje en toerisme oer?
Gearwurkingsoerienkomst
By de stjoergroepgearkomste fan 3 july 2025 ûndertekenen Wetterskip Fryslân, gemeente Skiermûntseach, Rykswettersteat Noard-Nederlân, Natuurmonumenten, Vereniging Boerenbelang Schiermonnikoog, drinkwetterbedriuw Vitens en de provinsje Fryslân in gearwurkingsoerienkomst (SOK) foar de folgjende stap yn it gebietsrjochte oanpak Skiermûntseach; de planútwurkingsfase dyk- en dúnfersterking. Yn dizze gearkomste binne ek trije wichtige plannen goedkard. Njonken it yntegraal wetterplan en it projektenboek 1EILAUN (plande wurksumheden) is ek it plan fan oanpak foar de kust en dunen fan Skiermûntseach besprutsen en goedkard.
1EILAUN
1EILAUN is Skiermûntseagersk foar ien eilân. As 1EILAUN wurkje de partners út de stjoergroep de kommende jierren oan it fersterkjen fan de dyk en parten fan de dunen op Skiermûntseach foar in feilige takomst. In dyk- en dúnfersterking op it eilân, ta stân kaam yn nauwe gearwurking mei elkenien dy't der wennet, wurket en ûndernimt. Eilanners, oerheden en (eilander-)organisaasjes bringe as ien team belangen byinoar en sykje nei ynnovative en duorsume oplossingen, wêrby't wy each hawwe foar ûnder oare drinkwetter, natuer, lânbou en rekreaasje.