Alve Fryske gemeenten ûntfange mei-inoar yn totaal sa'n €4 miljoen fan it Ryk út de saneamde Woningbouwimpuls-regeling (WBI). De ynspanning om mei-inoar ta in oanfraach te kommen, ek wol de ‘Kleine Kernen Aanpak ’ neamd, liedt ta de finansjele helberens fan fyftjin wenningbouplannen. 

Mei de suksesfolle oanfraach draacht it Ryk foar de helte fan de finansjele tekoarten fan de projekten by. De oare helte sille gemeenten sels finansiere. De provinsje Fryslân hat de mienskiplike oanfraach stipe, sawol prosesmjittich as ynhâldlik. De bydrage út fan it Ryk soarget der foar dat der mear betelbere wenningen boud wurde kinne yn Fryslân. Yn totaal giet it om 708 wenningen yn alve gemeenten.

“Dit is in boppeslach foar Fryslân en tige wichtich foar alle plattelânsregio’s yn Nederlân. Dit hat in driuwtsjil-effekt foar nije regelingen. Wy hawwe der oardel jier mei dwaande west en we binne der tige grutsk op dat it no slagge is, want soks is unyk yn Nederlân,” sa sizze deputearre Sijbe Knol, wethâlder Chris van Hes fan De Fryske Marren, bestjoerlik lûker fanút de VFG, en Bert Koonstra, wethâlder yn Noardeast-Fryslân. Dizze lêste gemeente tsjinne de oanfraach yn út namme fan de alve gemeenten.

Om in subsydzje-oanfraach dwaan te kinnen, dy’t past by de skaal fan projekten op it Fryske plattelân, moast de regeling oanpast wurde. De oanpaste regeling paste lykwols noch hieltyd net. Yn desimber hat de provinsje en gemeenten dêrom ôfspraken makke mei de minister wêrtroch it mooglik wie om mei alve gemeenten dochs in goeie oanfraach dwaan te kinnen.

De folsleine Keamerbrief oer de WBI(eksterne keppeling)

Op side 3 en 4 fine jo in folslein oerjsoch per gemeente en in oersjochkaart mei alle projekten.