Rûnreizgjende eksposysje: Wetterierde
Wetterierde: Hoe kinne wy libje en wenje op en mei it wetter? Net fjochtsje tsjin it wetter, mar libje mei it wetter. Troch klimaatferoaring stiet Fryslân de kommende desennia foar yngripende karren as it giet om de ynrjochting fan it lân. Mear romte meitsje foar wetter en dus it peil ferheegje is in logyske kar om boaiemoksidaasje tsjin te gean en de swietwetterfoarried út te wreidzjen.
Wat as it wetterpeil yn it Feangreidegebiet omheech giet? Hoe kinne we dêr dan wenje, wurkje en libje? En hoe sjocht sa'n lânskip derút?
Studinten fan ferskate opliedings, ûnder oare de Academie voor Bouwkunde út Amsterdam en de universiteit fan Lund, hawwe sjoen nei de mooglikheden foar de Feangreide.
Harren ideeën ynspirearje en binne te sjen op de ekspo Wateraarde. In mozayk fan ideeën foar it lânskip en stêdebou - yn de foarm fan in libbensgrutte puzel.
De ekspo is foar de simmer te sjen yn:
- Drachten fan 5 oant en mei 19 juny yn it Sluisfabryk, Tussendiepen 6, 9206 AD Drachten
- Ljouwert fan 22 juny oant en mei 12 july yn Obe, (by de Aldehou), Heer Ivostraatje 1, 8911 DZ Ljouwert
Dit binne de aktiviteiten om de eksposysje hinne:
- 11 juny 2025 Tema jûn: Biobased bouwe mei materiaal út de Feangreide
Fan 19:30 - 21:00 oere yn it Sluisfabryk yn Drachten - 3 july 2025 Feangreidespul, yn gearwurking mei de Uitkijkers, yn Obe yn Ljouwert
Reaksje op of opjefte: rk-team@fryslan.frl ûnder fermelding fan de aktiviteit. De aktiviteit op 3 july wurdt koördinearre troch de Uitkijkers. Oanmelde kin fia Kom puzzelen met veenweide! - Uitkijkers
Graach oant sjen!