Op dizze kaart stiet ynformaasje oer reizgersoantallen fan de streek- en stedslinen yn Fryslân. Benijd hoefolle reizgers oft gebrûk meitsje fan de bus op in trochsneed wurkdei of yn it wykein? Klik yn ûndersteande kaart op in busferbining nei foarkar.

Iepen grutte kaart (mei mear ynformaasje en aginda)(eksterne keppeling)

Der binne ûnderskate typen ferfier yn Fryslân. Dat is yn seis kategoryen ûnderferdield:

  • Haadstruktuer op it fêstelân mei heechweardich iepenbier ferfier: de A-ferbinings
  • Haadstruktuer op it fêstelân besteande út streekferfier mei in ferbinende funksje: de B-ferbinings
  • De ûntsluting fan it lanlik gebiet fia streekferfier mei in ûntslutende funksje: de C-ferbinings
  • De ûntsluting fan it lanlik gebiet fia maatwurk: de D-ferbinings
    - Fraachôfhinklik ferfier
    - Buertbus
    - Dielmobiliteit
  • Dielnetten op de fjouwer Fryske Waadeilannen: de E-ferbinings
  • Haadstruktuer foar it stedsferfier yn Ljouwert: de F-ferbinings

Ferfierders yn Fryslân

Sûnt 11 desimber 2022 is it busferfier yn hiel Fryslân ûnderbrocht yn ien konsesje ynklusyf de fjouwer Fryske Waadeilannen. Earst foar in perioade fan twa jier yn in oerbrêgingskonsesje útfierd troch Arriva. Fan heal desimber 2024 ôf yn in nije konsesje foar in perioade fan tsien jier. De regionale treinkonsesje wurdt troch Arriva útfierd en rint oant heal desimber 2035.

Alle bushalten yn Fryslân op 1 kaart

Alle bushalten yn Fryslân en de rest fan Nederlân binne op 1 kaart(eksterne keppeling) te finen. Op ‘e kaart is ûnder oare te sjen hokker halten tagonklik binne foar minderfalide reizgers. Fan alle halten is boppedat ynformaasje opnommen oer de berikberens en de foarsjennings, lykas in abry of in fytsestalling.