De oanlis fan de Reidmarroute start letter as pland. Yn plak fan dit maitiid start de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân ein 2017 mei de oanlis fan de rûte. Nei ferwachting is de Reidmarrûte foar it farseizoen fan 2018 klear.

Sagau der mear bekend is oer de oannimmer en de planning, publisearre wy dit op dizze webside.

Een foto van bovenaf van een boerderij middenin het landschap
Foto: Ineke van Ginneke

De rûte

De Reidmarrûte is in eardere kanorûte fanút Boalsert oer de Blauhûsterpuollen nei Aldegea. De rûte komt ûnder oare lâns de marren It Fliet, It Reidmar en it Sipkemar te lizzen.

Foar de oanlis fan de rûte is it nedich om daamen fuort te heljen en brêgen te ferheegjen as te ferfangen. Op in oantal plakken meitsje wy fan dûkers (buizen wêr wetter trochhinne streamt) ûndertrochgongen mei in trochfarhichte fan 1,50 meter. Dêrnjonken gean wy op in oantal plakken baggerjen, dit betsjut dat fearten mear breedte en djipte krije.

Electric-only

In grut diel fan de Reidmarrûte is aanst bedoeld foar elektrysk as hybride oandreaun sloepen en kin ek brûkt wurde troch SUPpers (Stand Up Paddling) en kanoërs. Mei in elektryske boat ‘hearre’ rekreanten de rêst en romte fan de Fryske Marren. Elektryske fartugen binne net allinne stiller, se hâlde it wette rek noch ris skjinner. Nearne oars yn Nederlân is de wettersport sa grut as yn Fryslân. De provinsje sjocht elektrysk farre dêrom as in moaie kâns. Mei de komst fan de Reidmarrûte is de provinsje wer in electric-only rûte riker!

De earste electric-only rûte is sûnt 2016 yn gebrûk. De rûte rint fan Heech oer de Idsegeasterpoel nei Aldegea en fia it Ringwiel en it Sânmar werom nei Heech. De twadde electric-only rûte is sûnt de simmer fan 2017 yn gebrûk. Dit is de Bûtenfjildrûte. Dizze farferbining rint fanôf de Grutte Wielen by Ljouwert, fia Ryptsjerk en it natuergebiet Bûtenfjild nei de Swimmer by de Westerein.

Een routekaart van de Reidmarroute

 

 

 

 

 

 

 

 

Gruttere ferzje fan de kaart

Kontakt

Hawwe jo fragen as opmerkings oer de Reidmarrûte? Dan kinne jo belje mei it Klanten Kontakt Sintrum fan de provinsje Fryslân: 058 – 292 59 25. Ek kinne jo maile nei reidmarroute@fryslan.frl.