Provinsje ynvestearret kommende twa jier flink ekstra yn Fryske Leefberens

Op de Leefberens-top fan 2 oktober 2025 is de beliedsbrief ‘Leefberens: Lokkich en sûn libje yn Fryslân’ presintearre. De kommende jierren set de provinsje Fryslân yn op trije pylders: In sosjale mienskip, wêryn't de klam leit op frijwilligers, ferienings, moetingsplakken en maatskiplike inisjativen; in sûne mienskip, hjir leit de klam op in sûne leefomjouwing en om omtinken foar sûnens yn alle beliedsfjilden. De tredde pylder is in gelikense mienskip, wêryn't it giet om tagong ta ûnderwiis, berikberens fan foarsjennings en gelikense kânsen om mei te dwaan yn de maatskippij.

Yn de beliedsbrief sjocht de provinsje Fryslân nei ûntwikkelingen dy't al langere tiid geande binne. Benammen feroaringen yn de befolking spylje in grutte rol, lykas fergrizing (mear âlderen), ûntgriening (minder jongeren) en yndividualisearring (mear minsken dy't allinnich wenje). Dy feroaringen hawwe ynfloed op hoe noflik en leefber oft in gebiet is. De provinsje wol bydrage oan in noflike leefomjouwing. Dat docht sy troch kennis te dielen, minsken en organisaasjes mei-inoar te ferbinen, wichtige ûnderwerpen op de aginda te setten en troch finansjeel stipe te jaan. 

Deputearre Sijbe Knol: “Dizze beliedsbrief is in wichtige stap om de kwaliteit fan libben yn Fryslân te behâlden en te fersterkjen. Mei in ynvestearring fan 4,5 miljoen euro yn de kommende twa jier, jouwe wy in krêftige ympuls oan de leefberens yn Fryslân. Wy ynvestearje yn sûnens, sosjale gearhing en gelikense kânsen, sadat ús provinsje sterk en leefber bliuwt foar de takomst. Dizze 4,5 miljoen euro is boppe-op de rom 27 miljoen euro dy’t wy dizze perioade ynvestearre yn de leefberens fan ús provinsje, ûnder oare fia Doarpswurk, Planburo Fryslân, Iepen Mienskipsfûns en Leader.”

Utfiering 

Wêr't de beliedsbrief de grutte linen útset en de tema’s bepaalt, makket it útfieringsprogramma konkreet dêr't de provinsje de kommende jierren mei oan de slach gean. Begjin 2026 wurdt in útfieringsprogramma foar de perioade 2026-2027 fêststeld. Yn dit útfieringsprogramma steane, ûnder oare konkrete aksjes en projekten opnommen dy't passe binnen de trije pylders. Allegearre drage se by oan behâld en fersterking fan de leefberens yn Fryslân.