Provinsje stelt 2 miljoen beskikber foar ferduorsuming

Provinsje Fryslân stelt goed 2 miljoen euro subsydzje beskikber om it Fryske MKB, bedriuweterreinen en lokale enerzjyinisjativen te helpen om duorsumer te wurden. Troch de regeling kinne ûndernimmers en lokale enerzjykollektiven eksterne ekspertize ynhiere en ferduorsumingsprojekten ûntwikkelje op it mêd fan digitale ynnovaasje, enerzjytransysje, sirkulêre ekonomy en klimaatadaptaasje. De subsydzjeregeling rint oant 2027.

Deputearre Steaten wize mei klam op it belang fan duorsume bedriuweterreinen en in sterk lokaal ûndernimmingsklimaat. Deputearre Friso Douwstra: “It grutste part fan it enerzjyferbrûk komt fan de bedriuweterreinen. Ast de doelstellings út de enerzjyfisy helje wolst moatst dêr wêze!”

De subsydzjeregeling rjochtet him op fjouwer pylders: 

  • Ynnovaasje yn it MKB: nije duorsume technologyen, enerzjyoplossings en sirkulêre bedriuwsmodellen stimulearje, sadat ûndernimmers yn foarútstribjende en effisjinte ferduorsuming ynvestearje kinne.

  • Ferduorsuming mikro- en lyts MKB: finansjele stipe foar ynhier fan eksterne ekspertize foar ûndernimmers dy’t yn enerzjybesparjende en/of CO2 redusearjende maatregels ynvestearje wolle.

  • Kollektive ferduorsuming fan bedriuweterreinen: stipe by it ûntwikkeljen fan mienskiplike ferduorsumingsprojekten op it mêd fan enerzjybesparring, sirkulêre ekonomy, bioferskaat, boaiem en wetter.

  • Lokale enerzjyinisjativen: subsydzje foar it ynhieren fan eksterne saakkundigen foar advys by projekten foar te fernijen enerzjy, en enerzjybesparring

Mear ynformaasje

Foar fragen oer it subsydzje of foar oanfoljende stipe kinne ûndernimmers en ûndernimmersferienings by it ûndernimmersloket Ynbusiness terjochte. Lokale inisjativen mei plannen foar ferduorsuming kinne kontakt opnimme mei it Fries Energie Huis fia: info@friesenergiehuis.nl.

Subsydzje fia SNN oanfreegje 

Undernimmers en organisaasje kinne fan 24 juny 2025 ôf subsydzje oanfreegje fia de webside fan SNN.