Provinsje siket ynnovative oplossings foar sketten guozzen
Hoe soargest derfoar dat sketten guozzen út populaasjebehear, in goede bestimming krije? De provinsje Fryslân siket yn gearwurking mei Challenbase nei fernijende oplossings foar dat fraachstik. Oant en mei 30 septimber 2025 is it mooglik om foarstellen yn te tsjinjen foar de ynnovaasje challenge: ‘ganzen, van afschot tot keten.’
Guozzen ite graach fan it gers op boerelân. Dat smyt de boer minder gersopbringst en dêrtroch finansjele skea op. Troch de grutte oantallen guozzen, benammen skiere guozzen dy't jierrûn yn Fryslân ferbliuwe, rint dy skea flink op. De provinsje kearde yn 2024 rom 15 miljoen euro út oan skeafergoedingen. Om de skea troch guozzen te beheinen, wurde guozzepopulaasjes beheard, ûnder oare troch middel fan ôfskot.
Deputearre Matthijs de Vries: “We fine it wichtich dat de guozzen dy’t sketten wurde om de populaasjes te behearen, in weardefolle bestimming krije binnen in duorsume kringloop. Wy, mar ek de jagers sels, sjogge leaver net dat de sketten guozzen fuortsmiten wurde. Wy witte dat der op lytse skaal al moaie inisjativen binne dy't goed wurkje, bygelyks troch guozzefleis lokaal in plak te jaan yn de regionale itensketen. Dochs bliuwt de útdaging om alle sketten bisten goed te benutten grut. En dat wylst it populaasjebehear ek de kommende jierren hurd nedich bliuwt om skea te beheinen. Dêrom freegje wy om de merk mei te tinken en fernijende oplossings oan te dragen.”
Challenge
De challenge stiet iepen oant en mei 30 septimber. Oant dy tiid kinne partijen oplossings oandrage. Oft dat no wyldspesjalisten binne, fleisferwurkers, eksperts op it mêd fan bistefoer, bedriuwen dy't oan it ûntwikkeljen fan biobased materialen wurkje, ûnderfining hawwe mei it ferwurkjen fan reststreamen of op oare wizen oan sirkulêre oplossings wurkje. De bêste oplossing krijt in opdracht om it plan fierder te ûntwikkeljen en te realisearjen yn gearwurking mei de provinsje Fryslân en ûnder begelieding fan Challengebase.
Foar mear ynformaasje oer de challenge, sjoch www.challengebase.nl.