Provinsje Fryslân oer 380kV-ferbining: ‘Regio betellet de priis, it Ryk moat kompensearje’

De provinsje Fryslân hat mei gemeenten, Wetterskip Fryslân en de oare belutsen provinsjes in regioadvys opsteld foar it trasee fan de nije 380 kV-heechspanningsferbining tusken Vierverlaten en Ens. Dizze ferbining is neffens de minister fan nasjonaal belang, mar hat yngripende gefolgen foar de regio.

Yn algemiene sin jildt dat gjin inkelde oerheid bûten it ferantwurdlike ministearje posityf stiet tsjinoer dizze ûntwikkelings. De provinsje hat him de ôfrûne moannen ynset om te kommen ta in soarchfâldich en takomstfêst advys, basearre op ekologyske, lânskiplike en technyske kritearia. Ut de ûndersiken komme de twa noardlike farianten as minst negatyf en fergunber nei foaren. Wy advisearje dêrmei it Ryk om te gean foar de minst skealike oplossing, dy't juridysk hâldber is en ‘yn ien kear goed’ realisearre wurde kin.

De minister neamt it in projekt fan nasjonaal belang, mar it is neffens deputearre Sijbe Knol de regio dy't de priis hjirfoar betellet: “De minister hat oant no ta noch nea oanwêzich west by in oerlis mei ús regio oer dizze 380kV-ferbining. Wy hawwe de minister in pear kear útnûge foar it bestjoerlik oerlis fan 20 novimber oansteande, dêr't it regioadvys besprutsen wurdt. Gjin gehoar. Dat is fansels hiel bysûnder, krekt omdat dit projekt grutte ympakt hat op ús ynwenners en it Fryske lânskip.”

Enerzjydeal 

Provinsje Fryslân ûnderskriuwe it nasjonale belang fan enerzjytransysje, mar it is krúsjaal dat it Ryk ek each hat foar de regionale gefolgen. Wy drage dêr oan by troch hurd te wurkjen oan it duorsumer meitsjen fan Fryslân. We sjogge lykwols ek dat der de kommende jierren in soad Ryksprojekten (gaswinning, PAWOZ, 380kV) op ús ôfkomme. “Se wolle boppe ús del, ûnder ús troch, sûnder dat wy as provinsje dêr struktureel de fruchten fan plukke. It kin net sa wêze dat de regio hieltyd op 'e nij de priis betellet. Wy wolle in earlike ferdieling fan lêsten en lusten. Wy wolle dêrom in brede Enerzjydeal slute mei it Ryk, wêryn't wy ôfspraken meitsje oer ôftûken, ôftaapjen en ôftikjen”, sa seit Knol.