Provinsje Fryslân kiest foar stevich kultureel fûnemint
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe it beslút naam oer de ferdieling fan de kultuersubsydzjes foar de perioade 2022–2028. Dêrby folgje sy de advizen fan de twa ûnôfhinklike advyskommisjes foar Musea en Keunstynstellingen. Dat betsjut dat 19 keunstynstellingen en nochris 5 musea har de kommende jierren fersekere witte fan mearjierrige provinsjale stipe, boppe-op de organisaasjes dy't al earder wissichheid krigen hawwe. Mei dit beslút wurdt in wichtige basis lein ûnder in sterk en kultureel fjild yn Fryslân.
“Tank oan de advyskommisjes foar har yngeande en soarchfâldige wurk”, seit deputearre Sijbe Knol. “Mei dizze karren sette wy fol yn op in krêftich, op ’e takomst rjochte en breed droegen kultureel fjild yn Fryslân. As provinsje ynvestearje wy flink boppe gemiddeld as it giet om kultuer. Wy ynvestearje yn kwaliteit en fernijing, mei romte foar nije spilers en fêstige nammen. It is spitich dat guon ynstellings bûten de boat fallen binne, mar ek mei in oare útkomst soene der lestige karren makke wurde moatte.”
Keunstynstellingen
De commissie signaleert een toename van theateractiviteit. Met name jonge gezelschappen eisen aandacht op met frisse plannen waarbij de makers goed kijken naar hun biotoop en weloverwogen besluiten waar zij hun werk laten zien”, sa seit Dennis Wiersma, foarsitter van de kommisje Kunstinstellingen. Mei dizze 19 mearjierrige subsydzjes docht de provinsje opnij in flinke ynvestearring yn it Fryske kulturele fjild. Deputearre Knol: “Wy sjogge in moaie miks fan dissiplines, grutte en lytse organisaasjes, fertroude nammen en nije gesichten. Ek de sprieding oer de provinsje is goed boarge.”
Musea
Yn totaal binne no sân Fryske Musea fersekere fan provinsjale finansiering. Fiif binne yn de regeling sels. It Fries Museum en it Eise Eisinga Planetarium wiene al wis fan stipe fanút de provinsje. Foar Museum Hindeloopen en it Fries Landbouwmuseum hat de kommisje noch gjin definityf advys útbrocht. Beide musea skoarden ynhâldlik like heech, wêrtroch de kommisje op dit stuit gjin foarkarskar meitsje woe. Deputearre Steaten hawwe de kommisje formeel frege om, neffens de regeling, binnen twa wiken dochs noch mei in advys te kommen.