It jongereinprojekt fan PingPop 2.0 út Penjum is de winner fan de LF2028-priis yn de regio Súdwest-Fryslân. Inisjatyfnimmer en driuwende krêft efter dit projekt is Emilie Blom. Sy krige op tiisdei 2 april 2024 de sjek fan €2028,- oerlange troch de kommissaris fan de Kening Arno Brok.

By PingPop leart de jongerein út de doarpen Penjum, Wytmarsum en omkriten pop- en rockmuzyk meitsjen yn in band. PingPop is lykas in muzykkorps in ûnderdiel fan it doarpslibben, ôfstimd op de winsken fan de doarpsbern en hoe’t se tsjintwurdich muzyk meitsje wolle. Se leare drumme, (bas)gitaar en keyboard spylje, sjonge yn in band, skriuwe eigen nûmers, rappe en produsearje. Bij gelegenheden yn it doarp fersoargje se optredens. 

Sjueryrapport

De sjuery priizget dizze ynnovative oanpak fan muzyk meitsjen mei bern. De jongerein kin by PingPop op fytsôfstân fan harren hûs muzyk meitsje en ynstruminten yn brûklien krije. De ûnderfining dy’t de dosinten opdien hawwe as profesjonele muzikanten bringe se graach oer op de bern. It projekt Pingpop is in ynspirearjend foarbyld hoe’t kultuer de mienskip fitaal hâldt. De sjuery bestiet út Judith Baarsma fan Keunstwurk en Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF 2028). 

LF2028-Bonuspriis

De LF2028-Bonuspriis is in oanmoedigingspriis dy’t troch in gearwurking tusken it Iepen Mienskipsfûns (IMF) en LF2028 ta stân kommen is. It giet om in bedrach fan €2028,-. Nei alle iepenstellingsperioaden fan it IMF kiest de sjuery ien winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. De útrikte priis op 2 april is ferbûn oan de tredde iepenstellingsperioade fan it IMF yn 2023 (18 septimber o/m 5 oktober 2023). It wie tagelyk de lêste útrikking, want mei yngong fan 2024 wurdt dizze priis net wer útrikt.