Opnij ekstra subsydzje foar wolfkearende maatregels
Troch in tanimmende fraach oan subsydzje foar wolfkearende maatregels, hat de provinsje Fryslân it subsydzjebudzjet opnij ferhege. Dizze kear mei € 500.000,-. Begjin maaie wie der al ekstra subsydzje beskikber steld en is ek de regeling oanpast. Sûnt dy tiid binne der tsientallen ekstra oanfragen binnenkaam. Dêrtroch is it subsydzjebudzjet - dat begjin maaie jûn is - al hast op. Om bistehâlders safolle mooglik te helpen om wolfkearende maatregels te treffen, wurdt no opnij € 500.000,- ekstra subsydzje jûn.
“In moanne lyn ha we € 250.000,- beskikber steld. Wy ûntfongen dêrnei binnen in pear wike tsientallen oanfragen, wêrtroch't by nochris 3.000 lânbouhúsdieren wolfkearjende maatregels troffen wurde kinne.”, sketst deputearre Matthijs de Vries. "We binne bliid mei al dy oanfragen, mar it betsjut wol dat it jild alwer hast op is. We wolle net ôfwachtsje, dêrom stelle we ekstra budzjet beskikber. Sa kinne wy ús dierhâlders stimulearjen bliuwe harren lânbouhúsdieren te beskermjen.”
Subsydzjeregeling
De provinsje Fryslân hat sûnt 12 april 2022 al in subsydzjeregeling wolfkearende maatregels. Dy is in oantal kear oanpast, bygelyks om it oanfraachproses te ferienfâldigjen. Earder dit jier is de subsydzjeregeling evaluearre en opnij iepensteld. Dêrby is it subsydzjegebiet fergrutte nei de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Smellingerlân. De subsydzjeregeling is foar bistehâlders fan alle hoefdiereftigen*, útsein deimen. It maksimale subsydzjebedrach is € 30.000,-.
*Under de regeling falle: kij, skiep, geiten, bargen, kamielen, lama’s, wetterbuffels, alpaca’s, hynsterjochtigen en hertachtigen – útsein deimen.