Offisjele iepening Thorbecke Atelier
Yn it provinsjehûs fan Fryslân is hjoed it Thorbecke Atelier feestlik iepene. It atelier is in unike gearwurking tusken de Thorbecke Academie, ûnderdiel fan NHL Stenden Hogeschool, en Provinsje Fryslân. Studinten Bestjoerskunde-Oerheidsmanagement krije dêr de kâns om te learen, wurkjen én mei te tinken oer aktuele demokratyske fraachstikken. Midden yn it hert fan it provinsjale bestjoer.
De iepening waard dien troch de kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok en Marc Otto, foarsitter fan it kolleezje fan Bestjoer fan NHL Stenden. As symboal foar de gearwurking waard in 3D-printe kaai oerlange: de kaai ta kennisdieling, fernijing en in fitale demokrasy yn Fryslân.
Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok: “Wy wolle as provinsje midden yn ‘e maatskippij stean, dat is ús ynset. Op tal fan flakken binne der grutte maatskiplike útdagings dêr’t wy tinkkrêft fan de nije generaasje goed by brûke kinne.”
Yn de tsien wike foarôfgeand oan de iepening waard der proefdraaid yn it Thorbecke Atelier. Studinten wurken yn it provinsjehûs oan konkrete opdrachten en kamen yn 'e kunde mei de kompleksiteit fan beliedsprosessen. De ûnderfinings wiene posityf: studinten, dosinten én provinsjale meiwurkers binne entûsjast. It atelier krijt dêrom no in struktureel plak yn it provinsjehûs. Studinten folgje der kolleezjes, fiere opdrachten út en steane direkt yn kontakt mei de deistige praktyk fan it iepenbier bestjoer. Dy kombinaasje smyt in unike wikselwurking op: studinten bringe nije ideeën en krityske fragen mei, wylst sy fan binnenút leare hoe't bestjoerlike prosessen wurkje.