Oerheden bliid dat gaswinning ûnder de Waadsee net trochgiet; in oerwinning foar natuer, wetter en mienskip.

Mei grutte opluchting hawwe gemeente Noardeast-Fryslân, provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân kennis naam fan it boadskip fan de minister dat der gjin gas boarre wurdt út Ternaard wei. Minister Sophie Hermans fan Klimaat en Groene Groei makke freed yn Wierum bekend dat sy ta oerienstimming kaam is mei de NAM. De NAM lûkt har winningsoanfraach yn en krijt in fergoeding fan de Steat.

In wichtige erkenning fan de soargen fan ús mienskip 

Dit jout boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân oan. "It hat hiel lang duorre foardat der dúdlikheid kaam. Te lang wat ús oanbelanget. Dêrneist is dúdlik wurden dat de jildende Mynbouwetjouwing efterhelle is. It ekonomysk gewin foar Steat en Bedriuw stie foarop en de ynwenners fan it oanbelangjende gebiet en de natuer hiene it neisjen. It wurdt tiid foar in Mynbouwetjouwing dy't mear en better rekken hâldt mei lokale belangen. ” 
Deistich bestjoerslid Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân follet oan: “ Het watersysteem is kwetsbaar. Mei dizze deal is der each foar de neidielige effekten op de feiligens fan de dyk, tanimmende fersilting fan it achterlân en mear wieter wurden en ferdrûging yn it hiele systeem. ” 

Troch de oerienstimming komt der dúdlikens yn in dossier dat al fan 2015 ôf spilet. 

It hat in soad ynset fan ynwenners, belangeferieningen en oerheden koste. Oerheden, ynwenners en maatskiplike organisaasjes keazen foar in duorsume koers. In koers wêryn't de natuer en de leefberens fan de regio sintraal steane. Dizze útkomst is in befêstiging dat dizze ynset leant. “ It docht rjocht oan de oprop dy ’t ús Provinsjale Steaten en in soad fraksjes út gemeenterieden dien hawwe: gjin gaswinning ûnder de Waadsee. Wy hawwe der mei-inoar hurd foar striden en ik bin tige wiis mei dit beslút.", seit deputearre Friso Douwstra fan provinsje Fryslân.

De Waadsee bliuwt beskerme tsjin de risiko's fan gaswinning. 

Gaswinning soe foar dit UNESCO Wrâlderfgoed betsjutte dat der boaiemdelgong en skea oan de wetterhúshâlding en it ekosysteem ûntstean soe. Foar de mienskip betsjut dit ek in fermindering fan ûnwissichheid oer de takomst fan harren leefomjouwing.

De oerheden betankje de mienskip 

Respekt foar harren belutsenens en ynset. De petearen, ynspraakmominten en mienskiplike aksjes hawwe sjen litten hoe sterk oft de mienskip is en hoe weardefol it is om as ien stim op te kommen foar de belangen.

Waadregio noch net frij fan soargen 

Nettsjinsteande dat de gaswinning ûnder Ternaard definityf net trochgiet giet de winning by Blije en Eanjum (ek Noardeast-Fryslân) wol gewoan troch. Der binne dêrom by in soad ynwenners noch hieltyd soargen. Njonken gaswinning komt der nei alle gedachten ek in munysjekompleks yn dit kwetsbere gebiet. Wethâlder Pieter Braaksma docht in driuwend berop op it Ryk: “ Den Haag soe út it prinsipe wei Elke Regio Telt de minsken yn de regio mear en better temjitte komme moatte. Dat de gaswinning net trochgiet is in earste stap. Daarmee vervalt ook het daarmee samenhangende gebiedsproces, maar dat mag niet betekenen dat er totaal geen aandacht meer voor ons is. "