Fryslân hopet fan ‘e hjerst oan de slach gean te kinnen mei maatregels yn it lanlik gebiet. De provinsje makket oanspraak op €150 miljoen foar it Feangreideprogramma, foar ynvestearrings yn stikstofreduksje troch de lânbou en foar beammen en greidefûgels. Dy plannen binne bondele yn trije oanskerpe maatregelpakketten fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG), dy’t yn ‘e ôfrûne wike nei it Ryk stjoerd binne.

“Mei dizze maatregels kinne wy op koarte termyn in bydrage leverje oan it heljen fan de lanlike doelstellings,” seit deputearre Femke Wiersma. “Wy hoopje dat it Ryk it jild no ek gau beskikber stelt. Dan kinne wy oan ‘e slach.”

Natuer, Klimaat-Feangreide en Lânbou

Yn it pakket Natuer (oanfraach €43 miljoen) giet it om maatregels foar de útfiering fan de Fryske beamme- en boskestrategy, maatregels dy’t it yn stân hâlden en ferbetterjen fan greidefûgelgebieten stimulearje en kennisûntwikkeling. It pakket foar Klimaat-Feangreide (oanfraach €45,7 miljoen) is benammen rjochte op yngrepen yn it wettersysteem dy’t  helpe de boaiemdelgong en de útstjit fan broeikasgassen te ferminderjen. It pakket mei maatregels foar de lânbou (oanfraach €61,6 miljoen) spilet ûnder oare yn op in ferlinging fan de Ynvestearringsregeling Reduksje Stikstofemisje. 

Wiidweidiger ûnderboud 

De trije maatregelpakketten binne net nij. It binne ferbettere fersys fan de plannen dy’t mids 2023 mei de earste fersy fan it FPLG by it Ryk oanlevere binne. No is wiidweidiger ûnderboud op hokker manieren de maatregels bydrage oan de lanlike doelen foar natuer, wetter en klimaat en wêrom’t bepaald ûndersyk nedich is. De oanfolling fan de argumintaasje wie nedich nei in toetsing troch it Ryk en Wageningen Economic Research.

Kommende oanfraachperioaden

Allinne de ûnderdielen dy’t posityf beoardiele waarden, komme op it stuit foar finansiering yn ‘e beneaming. Twa oare pakketten (Wetter & Boaiem en Sosjaal-ekonomysk) foelen ferline jier bûten it beoardielingsproses. Dy sille yn kommende oanfraachperioaden op ‘e nij yntsjinne wurde.

Ryk beslút yn juny 

Oanskerping fan de pakketten wie nedich om definityf yn oanmerking te kommen foar it jild dat de Twadde Keamer yn febrewaris oan it ministearje fan LNV beskikber stelde foar it Nationaal Programma Landelijk Gebied (NPLG). Lanlik leit yn dizze earste ‘trânsj’ op syn meast €1,28 miljard klear. Nei definitive beoardieling fan alle maatregelpakketten troch it Ryk, wurdt yn juny 2024 bekend hokker part dêrfan úteinlik útkeard wurdt. Mei de útkearing fan jild yn ‘e hjerst kinne provinsje, Wetterskip en Fryske gemeenten de enerzjy yn de regio’s ek yn konkrete plannen omsette.