Nije wenromte troch werbestimming

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat hjoed de nije Subsydzjeregeling werbestimme besteande gebouwen nei selsstannige wenromte Fryslân 2025 fêststeld. Dêr is in subsydzjeplafond fan € 600.000 beskikber foar steld. Mei de regeling wolle wy eigeners stimulearje om besteande gebouwen yn en bûten stedsk gebiet om te bouwen ta selsstannige wenromten of flekswenromten. 

Dêrmei realisearje wy ekstra wenten, drage wy by oan ‘e leefberens yn doarpen en stêden én kieze wy foar in duorsume wize fan bouwen troch besteande gebouwen op ‘en nij te brûken. Oanfragen kinne fia ús webside fan 3 oktober oant en mei 29 desimber yntsjinne wurde.

Net allinne kin troch dy transformaasje fan besteande gebouwen fluch op duorsume wize nije wenromte realisearre wurde. Mar ek troch leechsteande gebouwen in nije bestimming te jaan kin ferpaupering yn doarpen en wiken foarkommen wurde. Dat komt de leefberens te’n goede.

Deputearre Abel Kooistra: “Besteande gebouwen kinne wy mei tûke oanpassings ta wenten omfoarmje. Dêrmei litte wy sjen dat fernijing net altyd mei nijbou begjint, mar krekt ek mei it op ‘e nij brûken.

It subsydzje is €15.000,- foar in nij te realisearjen selsstannige wenromte of flekswenromte, mei in maksimum fan €60.000 it gebou. De regeling komt fuort út de werbestimmingsregeling út 2024 mei as grutste ferskil dat yn 2024 allinne karakteristike gebouwen bûten besteand stedsk gebiet foar subsydzje yn oanmerking kamen. Yn de hjoeddeistige regeling komme alle gebouwen bûten besteand stedsk gebiet foar subsydzje yn oanmerking. Fierder is in betingst dat it gebou fan 1 jannewaris 2025 ôf in wenbestimming hat.