Nije subsydzje foar ynnovaasjeprojekten yn ‘e lânbou
Fryslân stimulearret ynnovaasjeprojekten yn ‘e lânbousektor. Op 15 augustus 2025 giet de nije subsydzjeregeling Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2025 út it Mienskiplik Lânboubelied 2023-2027 iepen. De provinsje Fryslân hat dêr €3 miljoen beskikber foar steld. De doelstellings fan it subsydzje slute goed oan by de spearpunten yn it beliedsbrief Lânbou.
It subsydzje biedt kânsen foar elk dy’t oan in duorsume en takomstbestindige lânbou bydrage wol. De projekten dy’t stipe wurde, drage by oan it (fierder) ûntwikkeljen of ryp foar de praktyk meitsjen fan nije konsepten, produkten of tsjinsten en de útwikseling fan kennis dêroer.
Duorsumens en sûnens stimulearje
Tema’s lykas it ûntwikkeljen fan konsepten foar lânbouprodukten, dy’t duorsum en ryp foar de merk binne (foar de ferbettering fan de posysje fan de boer yn de string), it befoarderjen of effisjint behear fan natuerlike helpboarnen (wetter, boaiem en loft) of it ynspyljen op maatskiplike ferwachtings oer iten en sûnens, steane sintraal.
Lânboudeputearre Abel Kooistra is bliid mei de nije subsydzjeregeling: “De lânbou hat mei grutte útdagings te meitsjen. Troch ynnovaasje en gearwurking is der foar takomstbestindige lânbou in soad mooglik.”
Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2025 rjochtet him op gearwurkingsferbannen fan op syn minst twa partijen, wêrfan’t yn alle gefallen ien partij boer is. Projekten fan goedkarde oanfragen wurde ûnderdiel fan it netwurk Europees Innovatie Partnerschap (EIP). It doel fan dat netwurk is om binnen de Europeeske Uny yn de lânbousektor fan inoars projekten te learen en ynnovaasje te stimulearjen.
Digitale ynformaasjegearkomste
Mids septimber organisearje de provinsjes Fryslân en Grinslân yn gearwurking mei it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) in ynformatyf webinar oer it iepenstellen fan it subsydzje. Yn dat webinar jouwe fertsjintwurdigers fan de twa provinsjes en it SNN ynformaasje oer it subsydzje foar it ûntwikkeljen fan ynnovaasjeprojekten yn ‘e lânbou. Der is foarôf en yn de gearkomste romte foar fragen. Oanmelde kin ynkoarten fia de webside fan it SNN.
Mienskiplik Lânboubelied
It subsydzje Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2025 is ûnderdiel fan it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB) foar de perioade 2023-2027. Dat belied, finansiere troch de Europeeske Uny (EU) yn gearwurking mei provinsjes, hat ta doel de lânbou te modernisearjen en duorsumer te meitsjen, en tagelyk de itenswissichheid te beskermjen. Yn it programma komme ferskate subsydzjes beskikber om in lânbou te kreëarjen dy’t ekonomy, boer en libbensfermidden mei-inoar ferbynt.