Goed nijs foar elkenien dy't in idee hat foar in nij ynnovaasjeprojekt yn de lânbousektor yn Drinte, Fryslân of Grinslân. Op 1 maaie 2024 giet de nije subsydzjeregeling Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2024 út it Mienskiplik Lânboubelied 2020-2027 iepen. Yn Fryslân hat de provinsje €2 miljoen beskikber steld foar dy ynnovaasjeprojekten.

De subsydzje biedt kânsen foar elkenien dy't bydrage wol oan in duorsume en takomstbestindige lânbou. De projekten dy't stipe wurde drage by oan it (troch)ûntwikkeljen of praktykryp meitsjen fan nije konsepten, produkten of tsjinsten en de útwikseling fan kennis dêroer. Tema’s lykas it ûntwikkeljen fan duorsume fertsjinmodellen yn de lânbou, it ferbetterjen fan it bioferskaat of it ynspyljen op maatskiplike ferwachtings oer iten en sûnens steane sintraal. “Mei dizze regeling kinne nije ideeën yn de praktyk brocht wurde,” seit lânboudeputearre Femke Wiersma. “It is fan grut belang dat dat bart. Want ynnovaasje en gearwurking binne essinsjeel foar de takomst fan ús lânbousektor.”

Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2024 rjochtet him op gearwurkingsferbannen fan op syn minst twa partijen en dêr’t yn alle gefallen ien partij boer fan is. Projekten fan goedkarde oanfragen wurde ûnderdiel fan it netwurk Europees Innovatie Partnerschap(eksterne keppeling) (EIP). Dat netwurk bestiet om yn de Europeeske Uny te learen fan inoar’s projekten en ynnovaasje yn de lânbousektor te stimulearjen.

Digitale ynformaasjegearkomste 

Op tongersdei 25 april 2024 organisearje de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) in ynformatyf Teams-oere oer it iepenstellen fan de subsydzje. Yn de Teams-sesje jouwe fertsjintwurdigers fan de trije noardlike provinsjes en it SNN ynformaasje oer de subsydzje foar de ûntwikkeling fan ynnovaasjeprojekten yn de lânbou. Der is sawol foarôf as yn de gearkomste romte foar fragen. Oanmelde kin fia dizze link(eksterne keppeling). Minsken krije uterlik in dei foar de sesje in mail mei dêryn de Teams-link.

Mienskiplik Lânboubelied 

De subsydzje Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2024 is ûnderdiel fan it nije Gemeenschappelijk Landbouwbeleid(eksterne keppeling) (GLB) foar de perioade 2023-2027. Dat belied, finansiere troch de Europeeske Uny (EU) yn gearwurking mei provinsjes, hat as doel de lânbou te modernisearjen en duorsumer te meitsjen, wêrby’t tagelyk de itenswissichheid beskerme wurdt. By it programma komme der ferskate subsydzjes beskikber om in lânbou te kreëarjen dy't ekonomy, boer en libbensfermidden mei-inoar ferbynt. It GLB 23-27 is de opfolger fan it Plattelânsûntwikkelingsprogramma (POP 3).