Nije fyts- en fuotgongersûndertrochgong by Deinum iepene
By Deinum is in nije ûndertrochgong iepen foar fuotgongers en fytsers. Dizze ûndertrochgong leit oan de Aldeleane, op it plak dêr't eartiids in Niet Actief Beveiligde Overweg (NABO) wie. De oerwei is ein 2023 ôfsletten. Mei de nije ûndertrochgong is der wer in feilige oerstek foar kuierders.
Troch it iepenjen fan de tunnel is de kuierferbining wersteld tusken Deinum en Blessum. Dizze ferbining makket ûnderdiel út fan in kuierknooppuntenetwurk, de Alvestêdekuiertocht en it âlde tsjerkepaad. Fytsers kinne der ek gebrûk fan meitsje, troch de spesjale goate wêr't je mei de fyts oan de hân trochhinne kinne.
Eftergrûn ûnbewaakte spoaroergong Deinum
De plannen foar de oanpak fan de oerwei binne al yn 2018 begûn. Ek moast der rekken hâlde wurde mei de natuer yn it gebiet, lykas de oanwêzichheid fan in seldsume mûs. De bou fan de ûndertrochgong begûn ein april 2025. Yn in treinfrije perioade, ein maaie en begjin juny, is de ûndertrochgong pleatst. Dêrnei binne de restearjende wurksumheden útfierd.
Matthijs de Vries, deputearre provinsje Fryslân: “Dit projekt hat in lange oanrin hân, mar ik bin tige bliid mei it einresultaat. In feilige passaazje foar sawol de omjouwing as it treinferkear.” Wethâlder Kees Arendz fan gemeente Waadhoeke slút hjirby oan: “Ut eigen ûnderfining wit ik dat in net aktyf befeilige oerwei desastreuze gefolgen hawwe kin mei in soad persoanlik leed as gefolch. Dizze nije ûndertrochgong foar fuotgongers en fytsers op de Aldeleane betsjut feilichheid foar elkenien. En dat jildt fansels ek foar treinmasinist.”
Gearwurking ProRail, provinsje Fryslân en gemeente Waadhoeke
Danou Veenhof, regiodirekteur Noord-Oost by ProRail is bliid mei de iepening fan de ûndertrochgong: “Met de opening van de onderdoorgang zorgen we voor een veilige oversteek. Nu kunnen mensen weer veilig van de historische wandelroute over oude kerkepaden genieten.”
De NABO yn Deinum is yn gearwurking realisseare troch ProRail, provinsje Fryslân en gemeente Waadhoeke. ProRail wurket yn opdracht fan it ministearje fan IenW oan de iepenbier tagonklike NABO’s. Yn Fryslân wiene der alve fan sokke ûnbewaakte oerwegen. Njonken dizze yn Deinum binne der noch twa NABO's yn de provinsje dy't oanpakt wurde moatte. ProRail is yn petear mei de belanghawwenden en belutsenen om ynkoarten ta in oplossing te kommen. De kosten foar de NABO yn Deinum wiene likernôch €2,7 miljoen. De provinsje en gemeente hawwe elts €400.000,- bydroegen.