Natuerferbettering Nijdjip soarget foar mear romte foar planten, bisten en skjin wetter

Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe de natuerferbettering yn it Nijdjip klear. Dat wetter ferbynt de Natura 2000-gebieten de Grutte Wielen en Alde Feanen. Mei nije moerassônes, natuerfreonlike wâlskanten en hegere wetterkearingen is der no mear romte foar planten, bisten en wetter. It projekt fersterket sa it Natuurnetwerk Nederland en helpt by klimaatdoelen lykas ekstra wetteropslach.

Deputearre Matthijs de Vries fan Provinsje Fryslân: “Ik bin der grutsk op dat we yn it Nijdjip sjen litte hoe't natuer, wetterfeiligens én klimaat mei-inoar gean. Sa bouwe wy oan in riker libbensfermidden foar planten en bisten én in sterk Fryslân foar de takomst.” 

Deistich bestjoerslid  Monique Plantinga fan Wetterskip Fryslân: “De natuerfreonlike wâlskanten yn it Nijdjip jouwe in moaie ynfolling oan ús doelen fan de Europese Kaderrichtlijn Water. De flauwe wâlskanten mei reid soargje der nammentlik foar dat de wetterkwaliteit ferbetteret. Ek kin it gebiet tenei yn tiden fan ekstreme delslach mear wetter bergje.”

Mear romte foar wetterplanten en -bisten 

Oer in lingte fan fiif kilometer binne natuerfreonlike wâlskanten oanlein. Dy wâlskanten rinne stadichoan fan lân nei wetter en biede sa in better libbensgebiet foar planten en bisten. It Nijdjip is ek in wichtige rûte foar soarten lykas de otter, noardske wrotmûs en de grutte keizer. Troch nije moerassônes en oerstekplakken kinne se har rêstich en feilich ferpleatse. 

Mear romte foar skjin wetter 

Troch de nije ynrjochting berikt it sinneljocht de boaiem better. Dêrtroch kinne wetterplanten lykas wetterreid better groeie. Dy planten suverje it wetter en jouwe bisten fretten en skûlplakken. De nije wâlskanten soargje foar mear romte foar wetter. Mei hegere wetterkearingen is it gebiet better beskerme tsjin wetteroerlêst. 

Sirkulêr gearwurkje 

De hegere wetterkearingen yn it Nijdjip binne boud mei 10.000 kúb klaai út de nije wenwyk Middelsee yn Ljouwert. Gemeente Ljouwert, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân makken dêrfoar mei-inoar de keppeling fia de Fryske wurk- en tinkwize fan Grip op Grond. Sa wurdt frijkommende grûn tichteby, duorsum en tûk werbrûkt. De klaai is mei it skip ferfierd: dat soarget foar minder ferkearsoerlêst én minder CO2-útstjit. 

It Nijdjip is ûnderdiel fan de gebietsûntwikkeling om De Sintrale As hinne. It projekt is mooglik makke troch in ynvestearring fan €583.300,- út it Europees Landbouwfonds voor Plattelandsontwikkeling (POP 3).