Fan 22 april oant en mei 17 maaie 2024 wurket de provinsje oan de N919 (Weper) tusken Weperpolder en Schrappinga. De dyk is ta oan grut ûnderhâld. It stik fan de ôfslach N918 ôf oant de ôfslach Schrappinga ôfsletten is om't we de dyk foarsjen fan in nije laach asfalt. It krúspunt Schrappinga is ien dei ôfsletten, nammentlik op tongersdei 25 april fan 07.00 oere oant 24.00 oere. By de wurksumheden liede fan Feanhuzen en Easterwâlde we om fia Assen en Smilde oer de N919, N373, N371 en N381.

Een kaart met daarop aangegeven in lijn met bolletjes de afsluiting en een doorlopende lijn waar de omleiding langs gaat.

Stadich ferkear liede wy apart om. Dat stiet mei giele buorden oanjûn. Fytsers kinne der del. It iepenbier ferfier rydt in alternative rûte. Hjir kinst mear ynformaasje fine yn de bussen, by de haltes en op de webside fan Qbuzz.