N369 De Rottefalle

Fan moandei 25 augustus ôf starte wy mei ûnderhâldswurksumheden oan de N369 fan ovonde Rottefalle oant rotonde Jachtfjild. Om de wurksumheden útfiere te kinnen, is de dyk twa wiken ôfsletten foar al it ferkear. Wy liede it ferkear om oer de N369, N355, N356 Sintrale as en de N31 (Wâldwei).

Kaart waarop de omleidingsroute aangegeven wordt met doorlopende streep. De stippellijn geeft de werkzaamheden aan.

Iepenbier ferfier

It iepenbier ferfier rydt ûnder de wurksumheden in alternative rûte. Witte wêr? Sjoch dan op www.qbuzz.nl foar de meast aktuele ynformaasje. 

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Dat kin telefoanysk fia 059 292 59 25 fan moandei o/m freed yn kantoaroeren. Maile kin ek nei provincie@fryslan.frl.