N358 westlike rûnwei Bûtenpost

Tydlike dykôfsluting N 358 by Bûtenpost 

Fan moandei 27 oktober o / m sneon 8 novimber fiert netbehearder Liander wurksumheden út oan de N 358 by Bûtenpost. Der wurde nije elektrisiteitskabels oanlein lâns de westlike rûnwei.

Fuortôfsluting 

Om de wurksumheden feilich útfiere te kinnen, is de Lauwersmarwei (N 358) ôfsletten tusken de rotonde by Lutkepost en de rotonde dêr't de N 358 de N 355 krúst. De dyk is yn dizze perioade folslein ôfsletten foar al it ferkear.

Omliedingsrûte

 Ferkear wurdt omlaat fia de N 355, N 369, N 31 (Wâldwei), A 7 en N 358. De planning is ôfstimd mei oare wurksumheden yn de regio, lykas de ôfsluting fan de N 358 (Uterwei). In kombinaasje mei earder grut ûnderhâld oan de westlike rûnwei die bliken fanwege it aard fan de wurksumheden net mooglik.

Kaart waar de omleiding aangegeven wordt met doortrokken streep. Met de stippellijn worden de werkzaamheden aangegeven.

Iepenbier ferfier

It iepenbier ferfier rydt ûnder de wurksumheden in alternative rûte. Witte wêr? Sjoch dan op www.qbuzz.nl foar de meast aktuele ynformaasje. 

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Dat kin telefoanysk fia 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed yn kantoaroeren. Maile kin ek nei provincie@fryslan.frl.