N351 Easterwâlde-Wolvegea-Slikenboarch
Dizze maitiid binne wy úteinset mei de ûnderhâldswurksumheden oan de N351, de dyk tusken Wolvegea en Slikenboarch. It stik tusken Easterwâlde en Makkingea (faze 1), de kom Nijeberkeap (faze 2) en Aldeberkeap en Wolvegea (faze 3) binne klear. Fan moandei 25 augustus ôf, sette wy útein mei de lêste faze. Dat is it stik tusken Wolvegea en Slikenboarch.
Dizze maitiid binne wy úteinset mei de ûnderhâldswurksumheden oan de N351, de dyk tusken Wolvegea en Slikenboarch. It stik tusken Easterwâlde en Makkingea (faze 1) en de kom Nijeberkeap (faze 2) binne klear. Op dit stuit binne wy dwaande mei it stik tusken Aldeberkeap en Wolvegea.
De útfiering en planning fan it wurk foar faze 4 paralleldyk tusken Wolvegea - Slikenboarch feroaret
De útfiering wurdt 1 wike opskood en is oanpast nei 25 augustus o / m 12 septimber. By it wurk oan de paralleldyk tusken Wolvegea-Slikenboarch, faze 4, wurdt de provinsjale dyk N 351 alhiel ôfsletten foar trochgeand ferkear. We leiden het verkeer om via de N351 - N33 -A32.
Bestimmingsferkear kin fia de rydstrook fan Wolvegea ôf nei Slikenboarch thúskomme. Der jildt dêr in snelheidsbeheining fan 30 km/o en it is ienrjochtingsferkear.
De oare rydstripe, fan Slikenboarch ôf nei Wolvegea is bestimd foar (brom)fytsers. Wy sette ferkearsregelers yn om alles yn goede banen te lieden.
Helptsjinsten kinne der altyd del.

Iepenbier ferfier
It iepenbier ferfier rydt ûnder it wurk oan alternative rûte. Witte wêr? Sjoch foardat jo ôfreizgje op www.qbuzz.nl.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Dat kin telefoanysk fan moandei oant en mei freed 058 – 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.