Mear subsydzje beskikber foar wolfkearende maatregels
Om Fryske bistehâlders stimulearje te bliuwen om wolfkearende maatregels te nimmen, binne it subsydzjegebiet en de subsydzjeregeling foar de oanskaf fan wolfkearend materiaal útwreide. Alle hâlders fan hoefdieren yn it nije subsydzjegebiet, útsein hâlders fan damherten, kinne no subsydzje oanfreegje foar ûnder oare wolfkearende rasters. Ek is it maksimaal subsydzjebedrach ferhege nei €30.000,-.
Deputearre Matthijs de Vries ropt bistehâlders op gebrûk te meitsjen fan de subsydzjeregeling: “Wy wolle feehâlders safolle mooglik stimulearje en fasilitearje mei de subsydzjeregeling. No kinne noch mear bistehâlders wolfkearende stekken keapje.”
Sûnt april 2022 hat de provinsje in subsydzjeregeling foar bistehâlders om wolfkearende maatregels te nimmen. Nei’t Deputearre Steaten de regeling earder al ferienfâldige, waard der mear gebrûk fan makke. Yn oerlis mei de Gebietskommisje Wolf is de regeling evaluearre en noch tagonkliker makke. Dêrnjonken is it subsydzjebudzjet mei €250.000,- ferhege.
Ferbreding subsydzjeregeling en -gebiet
It subsydzjegebiet yn Fryslân is útwreide. Bistehâlders yn de gemeenten It Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf kinne subsydzje oanfreegje. De regeling is fierder ferbrede sadat bistehâlders fan alle hoefdierachtigen [1], útsein deimen [2], in subsydzje-oanfraach yntsjinje kinne. Ek is it maksimaal subsydzjebedrach ferhege fan €20.000,- nei €30.000,-. Ta beslút binne de administrative lêsten foar de oanfreger ferlicht trochdat der minder bewiisstikken ynlevere wurde moatte.
IPO Wolvenplan
Njonken de subsydzjeregeling wurke de provinsje gear mei it IPO, BIJ12, LNV en alle provinsjes oan in bywurke ynterprovinsjaal wolvenplan. Dit plan moat mear rjochting jaan oan hoe’t de minske yn harmony mei de wolf libje kin. De presintaasje fan it plan wie op 18 april. Nei oanlieding fan in moasje yn de Provinsjale Steaten yn desimber 2023 ûndersykje Deputearre Steaten ek mooglike maatregels oangeande previnsje, populaasjebehear en de oanpak fan probleemwolven.
[1] Under de regeling falle no: Runderje, skiep, geiten, bargen, kamiel, lama, waterbuffel, alpaca’s, hynsterjochtigen en hertachtigen - mei útsûndering deimen.
[2] Wy binne fan betinken dat dizze groep fan bistehâlders net fasilitearre wurde moat om't de hjoeddeistige deimeproblematyk yn Fryslân harren oarsprong fynt yn holden deimen yn ús provinsje.