Louwrien Wijers wint GERRIT BENNER Priis 2025

Louwrien Wijers fan Ferwert hat de GERRIT BENNER Priis dit jier wûn foar har toanoanjaande bydrage oan de byldzjende keunst yn Fryslân. Se krijt hjirfoar in jildbedrach fan 5.000 euro en in eksposysje yn it Fries Museum. Ek is der 5.000 euro oan promoasjebudzjet oan ferbûn foar de ûntwikkeling fan nije en besteande wurken, om sa de byldzjende keunst yn Fryslân te fersterkjen.  

De ûnôfhinklike sjuery út it wurkfjild priizget Wijers har bysûndere wize fan wurkjen wêryn't taal, harkjen en petear sintraal steane: “Zij ziet woorden en gedachten als een vorm van kunst. Har wurk is rêstich en betochtsum, en is dêrmei in krêftich tsjinwicht foar de flugge byldkultuer.” 

Op sneon 29 novimber wurdt de priis offisjeel útrikt yn it Fries Museum yn Ljouwert. Op dyselde dei iepenet it Fries Museum ek de tentoanstelling fan har wurk. It is de alfde kear dat dizze priis útrikt wurdt, twa jier lyn gie de priis nei keunstneres Kinke Kooi foar har oeuvre. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk, yn opdracht fan de provinsje Fryslân.  

Mear ynformaasje is te finen op: www.keunstwurk.nl en www.provinsjaleprizen.frl/gerrit-bennerpriis