Kontoer Fiskmigraasjerivier klear: projekt giet lêste grutte faze yn
It wurk oan de bûtenste daam yn de Iselmar sit derop. Dêrmei is de hiele kontoer fan de Fiskmigraasjerivier klear. In wichtige mylpeal yn de ûntwikkeling fan dit unike natuerferbetteringsprojekt, dat miljoenen trekfisken frije trochgong jout tusken de Waadsee en de Iselmar. Mei de nijste daam makket oannimmer Van Oord syn lêste wurksumheden oan it projekt dien. Der folget noch ien stap yn de bou fan de Fiskmigraasjerivier: de oanlis fan de slingerjende rivier. Dêr set oannimmer Boskalis Nederland yn 2026 mei útein.
Deputearre Matthijs de Vries: “Provinsje en Van Oord wurken yn de ôfrûne jierren yntinsyf gear, fan ûntwerp oant útfiering, mei dizze kontoer as prachtich resultaat. Foar ús leit noch de lêste en grutste stap: de oanlis fan de slingerjende rivier yn de Iselmar. Ik sjoch der nei út dat dit unike projekt klear is.”
Ronald de Geus, Director Dredging & Infra by Van Oord: “Het succesvol afronden van onze bijdrage aan dit project is een belangrijke mijlpaal voor Van Oord. In nauwe samenwerking met provincie Fryslân en vele andere betrokken partijen hebben we jarenlang gewerkt aan een duurzame realisatie van de Vismigratierivier. Dit project laat zien hoe innovatieve waterbouw en ecologisch herstel elkaar kunnen versterken, en zet Nederland echt op de kaart. We zijn trots op de gezamenlijke inzet en op onze bijdrage aan dit bijzondere initiatief.”
Beskerming en ferbining
Van Oord is sûnt de start fan de bou fan de Fiskmigraasjerivier yn 2020 by meardere gebieten behelle. De nijste daam yn de Iselmar leit om de takomstige rivier hinne en beskermet dy tsjin wyn, weagen en streaming. Earder boude Van Oord de riviermûning oan de Waadseekant - it plak dêr't fisken de rivier yn swimme - in natuereilân en de westlike flank yn de Iselmar. Dêrneist droech Van Oord, as ûnderdiel fan boukombinaasje Levvel (besteande út BAM Infra, Van Oord, Rebel en Invesis), yn opdracht fan Rykswettersteat by oan de fersterking fan de Ofslútdyk. Binnen dat projekt boude Levvel de trochgong yn de Ofslútdyk. Dy passaazje foarmet de ferbining foar fisken tusken de Waadsee en de rivier yn de Iselmar.
Sirkulêr gearwurkje
By de oanlis makke provinsje Fryslân safolle mooglik gebrûk fan grûnstoffen út de direkte omkriten. Mei snijkopsûger Biesbosch, in spesjaal baggerskip fan Van Oord, is 400.000 kubike meter sân út de boaiem fan de Iselmar wûn. Dêrtroch hoegden der gjin grûnstoffen oanfierd te wurden. Dat foarkaam sa'n 400 skipfeartbewegingen of 18.500 frachtweinritten. Ek is 20.000 ton breukstien út de fersterking fan de Ofslútdyk op ‘en nij brûkt. It brûken fan gebietseigen materialen draacht boppedat by oan it sukses fan de fiskmigraasje: sân en stiennen mei deselde rook en smaak helpt fisken by harren oriïntaasje.
Ferwachte wurdt dat de earste fisken begjin 2027 troch de Fiskmigraasjerivier swimme.
Dizze dronebylden binne yn hege resolúsje beskikber. Mochten jo dy ûntfange wolle stjoer dan in mail nei pers@fryslan.frl