Kom nei de gearkomsten oer gaswinning Fryslân-Follega-Wâldsein
De kommende wiken kinst dyn stim hearre litte oer de foarnommen gaswinning yn ús regio. Vermilion Energy Netherlands B.V. wol gas winne yn it gebiet Fryslân-Follega-Wâldsein. Dêrfoar is no it saneamde ‘ûndersyksplan’ beskikber. Dit plan beskriuwt wat ûndersocht wurdt en hoe't dit ûndersyk útfierd wurdt. As ynwenner kinst fan 16 maaie oant en mei 26 juny 2025 reagearje op dit plan.
Wy binne tsjin gaswinning
Wy binne tsjin gaswinning yn Súdwest-Fryslân en sette ús der bot tsjin yn. Spitigernôch leit de úteinlike beslissing net by ús, mar by it Ryk. De gaswinning wurdt sjoen as in nasjonaal belang. It ministearje fan Klimaat en Groene Groei bepaalt úteinlik oft der echt wûn wurde mei. Dochs litte wy ús lûd dúdlik hearre – by it Ryk en by de inisjatyfnimmer Vermilion. Foar it projekt Fryslân-Follega-Wâldsein wurkje wy hjirfoar gear mei provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, gemeente Súdwest Fryslân en gemeente De Fryske Marren.
De rolferdieling en foech fan it Ryk en lokale oerheden binne sa:
- Gemeenten, Wetterskip en de provinsje binne wetlik adviseur fan de minister en skriuwe in advys oer it winningsplan.
- Ryk; ûntfangt de oanfragen, beoardielet en nimt de besluten.
- Gemeenten, Wetterskip en de provinsje kinne krekt as oare belanghawwenden op de (ûntwerp)besluten sjenswizen, beswier en berop yntsjinje.
Dyn miening telt
Just yn dizze faze is it belangryk dat ek do witte litst watst fynst. Yn it ûndersyksplan stiet wat der ûndersocht wurde sil oer de effekten fan de gaswinning op bygelyks de natuer, feiligens en leefomjouwing. Kinst meitinke oer dit plan, fragen stelle en oanjaan hokker ûnderwerpen oftst wichtich fynst. Dit kin maklik fia de webside www.rvo.nl/gaswinning-ffw, mar ek troch ien fan de ynrinbyienkomsten te besykjen.
Besite in ynringearkomste
It ministearje fan Klimaat en Groene Groei organisearret tegearre mei Vermilion twa ynringearkomsten. Hjir kinst terjochte mei dyn fragen en ynformaasje krije oer it projekt. Meiwurkers fan it ministearje en Vermilion binne oanwêzich om taljochting te jaan. Op in jûn wurde der trije presintaasjes hâlden oer de gaswinning en de proseduere.
Data en lokaasjes ynringearkomste:
- Tongersdei 5 juny, 18:00 - 21:00 oere MFC de Driuwpôlle, Wâldsein
- Tiisdei 10 juny, 18:00 – 21:00 oere Sealesintrum Sint Nyk, Sint-Nyk
Presintaasjes binne op:
- Ronde 1: 18:10 – 18:50 oere
- Ronde 2: 19:10 – 19:50 oere
- Ronde 3: 20.10 – 20:50 oere
Foar it algemiene part fan de ynringearkomste hoechst dy net oan te melden. Wolst by in presintaasje wêze? Meld dy dan oan fia: gaswinning-ffw.rvo-evenementen.nl.
Mear ynformaasje oer de ynrinbyienkomsten fynst op de side fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland: www.rvo.nl/gaswinning-ffw
Tegearre steane we sterker
Wy roppe alle ynwenners op om gebrûk te meitsjen fan dit momint. Lit dy soargen, fragen of opmerkings hearre. Tegearre litte we sjen dat we tsjin gaswinning binne yn ús gemeente en yn Fryslân.