Keninklike famylje fiert Keningsdei 2026 yn Dokkum
De Keninklike famylje fiert Keningsdei takom jier yn Dokkum. Dat hat it Keninkik Hûs niiskrekt bekendmakke. It is foar it earst yn 18 jier dat de Keninklike famylje Keningsdei wer yn Fryslân fiert. Nei ferwachting komme der tsientûzenen besikers nei Dokkum ta om de nasjonale fiering mei te meitsjen. Boargemaster mr. J.G. Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân en kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok litte yn in earste reaksje witte tige optein te wêzen.
Boargemaster Kramer: “It is in grutte eare dat de stêd en de regio de leden fan it Keninklik Hûs ûntfange meie. Dy dei binne wy hjir efkes it middelpunt fan Nederlân. De bekroaning fan al it wurk dat de ôfrûne jierren troch ûndernimmers, ynwenners en bestjoerders dien is om de stêd en regio mear foar it fuotljocht te bringen. It wurdt in feest fan en foar elkenien.”
Kommissaris fan de Kening Brok: “It is in boppeslach. In unyk barren mei in positive útstrieling foar hiel de provinsje. Miljoenen minsken yn binnen- en bûtenlân krije it mei fia sosjal media, TV en radio. It is net allinich in nasjonaal feest en in dei fan ferbining, it betsjut ek op de langere termyn in ympuls foar de ekonomy, de kultuer en it toerisme yn ús provinsje.”
De gemeente Noardeast-Fryslân sil oan de slach mei it organisearjen fan Keningsdei. In megaklus. Der moatte in programma en in rûte gearstald wurde en ek kwa logistyk, feiligens en foarsjennings komt der in protte by sjen. De gemeente sil ynwenners, ûndernimmers, lokale organisaasjes en skoallen by de organisaasje beslûke.