Kalamiteiteregeling wolf foar bistehâlders yn NE-Fryslân

Koartlyn ha der yn de gemeente Noardeast-Fryslân (nei alle gedachten) trije wolveoanfallen op skiep west. Op basis fan dy oanfallen hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân besletten om bistehâlders yn dizze gemeente yn oanmerking komme te litten foar de kalamiteiteregeling út de ‘Subsidieregeling voorkomen schade door wolven provincie Fryslân’.

Nettsjinsteande dat de bistehâlders fan Noardeast-Fryslân net yn it oanwiisde gebiet wenje, hat Deputearre Steaten dochs besletten dat se foar fergoeding yn oanmerking komme”, seit deputearre Matthijs de Vries. “De kalamiteiteregeling is krekt foar sokke situaasjes opsteld.”

Mooglike wolveskea 

De wolveoanfallen fan ein juny hawwe laat ta fiif deade en fiif ferwûne lammen en ien fermist laam. It is noch net offisjeel fêststeld dat it hjir om wolveoanfallen giet: BIJ12-Faunazaken hat de oanfallen wol beoardiele as 'vermoedelijke wolvenschade niet uit te sluiten." 

Kalamiteiteregeling

Nettsjinsteande dat de oanfallen plakfûn hawwe bûten it oanwiisde gebiet yn Fryslân kinne bistehâlders yn de gemeente Noardeast-Fryslân no wol subsydzje oanfreegje foar it pleatsen fan wolfkearende rasters. Yn de ‘Subsidieregeling voorkomen schade door wolven provincie Fryslân’ is nammentlik opnommen dat Deputearre Steaten beslute kin om subsydzje ta te kennen bûten it oanwiisde gebiet as der trije wolveoanfallen op lânbouhúsdieren binne binnen in wike. Dat is hjir nei alle wierskynlikens fan tapassing. 

DS hat besletten om de kalamiteiteregeling foar Noardeast-Fryslân earst foar de moannen july en augustus iepen te stellen. De iepenstelling kin hieltyd mei in moanne ferlinge wurde as der yn de foargeande moanne oanfallen op lânbouhúsdieren plakfûn hawwe.