Jierferslach 2024 fan kommissaris fan de Kening Arno Brok
It jierferslach 2024 fan kommissaris fan de Kening Arno Brok jout in byld fan syn wurksemheden fan it ôfrûne jier.
Fan syn aktiviteiten fanút de rollen fan Ryksorgaan en as foarsitter fan Provinsjale Steaten en Deputearre Steaten oant wurkbesites en boargemastersbeneamings. Fan de alarmearjende Rede fan Fryslân troch Definsjeminister Ruben Brekelmans ta emoasjes by de útrikking fan Keninklike ûnderskiedingen. Mei de fokus op in moai en sterk Fryslân, no en yn de takomst.