It Nijkleaster yn Hilaard wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer

De Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 2025 is takend oan it moderne kleaster ‘Nijkleaster’ yn Hilaard. De priis waard tongersdei 6 novimber útrikt yn de Nije Leije yn Alde Leie. De LC-publykspriis gie dizze edysje nei âld plysjeburo ‘It Buro’ yn Grou.

Foar dizze 13e edysje waarden 14 projekten ynstjoerd, allegear tige ferskaat en fan hege kwaliteit neffens de sjuery. Ek opfallend is it tal projekten dêr't wergebrûk fan besteande gebouwen en materialen in wichtich tema yn is yn ûntwerp en bouopjefte. De sjuery brocht oan fiif lokaasjes in besite. 

Dúdlike winner 

De sjuery keas dúdlik foar it Nijkleaster as winner: “Het ontwerp is kleinschalig maar groots in visie, met een sterke samenhang tussen locatie, functie en vorm. It plan yntegrearret monumintaal erfgoed, lânskip, bioferskaat en fernijde geboutypen op in trochtochte wize. Krekt dizze balâns en de respektfolle fernijing fan de Fryske buorkerijfoarm meitsje it ta in ynspirearjend foarbyld dat de regionale kontekst oergiet.” 

Het het moderne klooster ‘Nijkleaster’ in Hilaard
Foto: Thijs Wolzak

Foar de LC-publykspriis selektearre de kommisje 14 projekten dêr't it publyk op stimme koe. It publyk keas út de selektearre projekten ‘Het Bureau’ yn Grou. Fan de yn totaal 2500 stimmen dy ’t útbrocht waarden fia de webside fan de Ljouwerter Krante, krige ‘it twadde libben fan in plysjeburo’ 12% fan dy stimmen.

Advyskommisje 

De sjuery, offisjeel advyskommisje, sjocht de priis net allinnich as in beleanning foar it bêste boude projekt, mar ek as oanspoaring ta aksje. De kommisje wie dizze edysje gearstald út arsjitekt Titus Mars (foarsitter), arsjitektuer - en stêdebouhistoarikus Erik Dorsman en arsjitekt Piet Vollaard. 

Priis 

De Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer wurdt twajierliks takend troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. De provinsje wol mei dizze priis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje. De priis is ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Dizze arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner is yn 1527 yn Ljouwert berne. Dêrneist stiet hy bekend as de grûnlizzer fan de Antwerpse Renaissancestyl.