Iepenstelling SKNL foar maatregels Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer faze 2 2020 -2032

Foar de útfiering fan maatregels om de natuerkwaliteit fan natuerterreinen te ferheegjen, kinne sertifisearre natuerbehearders oanfragen yntsjinje op basis fan kêst 8, fjirde lid, fan de Subsydzjeregeling kwaliteitsympuls natuer en lânskip provinsje Fryslân 2022 | Lokale wet - en regeljouwing SKNL Provinciaal Uitvoeringsprogramma Natuur fase 2, 2020 -2032.

De folgjende organisaasjes kinne subsydzje oanfreegje 

  • It Fryske Gea
  • Natuurmonumenten
  • Staatsbosbeheer
  • Natuurcollectief Fryslân
  • Bosgroep Noord Oost Nederland

Subsydzjeplafond 

Per organisaasje jildt in subsydzjeplafond. Yn it iepenstellingsbeslút fine jo de plafonds foar elke organisaasje.

Foar hokker maatregels? 

Hjir fine jo in oersjoch fan de maatregels dêr't subsydzje foar oanfrege wurde kin.

Yntsjiningsterminen 

  • fan 4 juny oant en mei 15 desimber 2025;
  • fan 15 maart oant en mei 15 july 2026.

Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje? 

Jo kinne in oanfraach yntsjinje troch it ynfoljen fan it oanfraachformulier dat hjirûnder opnommen is. Hjiryn stiet ek hokker ynformaasje en hokker bylagen jo allegear oanleverje moatte. Yn it oanfraachformulier lêze jo hoe't jo dat dwaan kinne en dêr't jo de oanfraach hinne stjoere kinne.