Helikopter leveret 3D-bylden fan swiet en sâlt wetter yn Fryske underground
Wêr is swiet of sâlt grûnwetter te finen yn Fryslân en op hokker djipte? En wêr binne kleilagen, dy't it ûnderlizzende grûnwetter beskermje? Dat is fan belang foar wetterbehearders, drinkwetterbedriuwen, agrariërs en natuerbehearders. Om dit yn byld te bringen, wurde yn augustus mjittings yn Fryslân dien mei in helikopter. De planning is dat it fleanwurk fan augustus oant heal febrewaris (2026) plakfine sil.
De helikoptermjittings wurde útfierd yn it projekt FRESHEM-NL. De ûndersyksynstituten TNO Geologische Dienst Nederland (TNO GDN) en Deltares dogge dit projekt mei sân provinsjes (wêrûnder provinsje Fryslân), sân wetterskippen (ûnder oare Wetterskip Fryslân) en fiif drinkwetterbedriuwen (wêrûnder Vitens). De ryksoerheid draacht ek by yn de finansiering. De resultaten binne wichtich foar ûnder oare agrariërs en wetter- en natuerbehearders. It jout mear ynsjoch om op in duorsume en ferantwurde wize om te gean mei wetter. It fleanen mei helikopters makket it mooglik grutte gebieten fan Nederlân – ûnder oare Fryslân, Grinslân en Drinte – yn kaart te bringen. Partijen sille aanst jierrenlang foarút kinne mei de resultaten.
Swiet grûnwetter en fersilting
Troch de stiging fan de seespegel wurdt it grûnwetter yn de kustgebieten stadichoan sâlter. Fierder streamt ûnder djippe polders sâlt grûnwetter omheech. Dat wurdt fersilting neamd. Dat is skealik foar lânbou en natuer. Om drinkwetter te winnen, wurdt faak socht nei swiet grûnwetter dat ûnder kleilagen foarkomt. De klaailagen beskermje nammentlik it grûnwetter. Om derfoar te soargjen dat op termyn de natuer, lânbou en bedriuwen sa min mooglik skea ûnderfine fan fersilting en der foldwaande drinkwetter beskikber is, is it wichtich om de ûndergrûn en it grûnwetter goed yn byld te hawwen.
3D-byld oant 200 meter djip
De mjittings wurde dien mei in sirkelfoarmich mjitynstrumint dat ûnder in helikopter hinget. De ûndersikers fan Deltares en TNO GDN sette dêrnei de mjittingen om nei in trije-diminsjonaal byld oant wol 200 meter djip. Dit byld ûntbleatet it sâltgehalte fan it grûnwetter op ferskate djiptes en de lokaasje en dikte fan kleilagen. It totale ûndersyk wurdt útfierd foar parten fan Súd-, West- en Noard-Nederlân. De útkomsten fan it ûndersyk sille úteinlik foar elkenien tagonklik wêze.
Helikoptervluchten
De helikopter fljocht op sa'n 80 meter hichte mei in snelheid fan 60 oant 80 kilometer yn de oere. Dit kin wat lûdsoerlêst feroarsaakje. Der wurdt allinnich oerdeis flein en fansels hâlde wy ús oan de strange regels dy't jilde foar leech fleane mei in helikopter. Fierder wurdt der net yn it briedseizoen flein en jilde der spesjale regels foar natuergebieten.
Sadree't der mear nijs is oer de planning, wurdt dit kommunisearre yn de omjouwing en fia de webside fan www.freshem.nl.
