Dizze regeling is sletten, it subsydzjeplafond is berikt. Der is gjin mooglikheid mear om subsydzje oan te freegjen.

Foar it organisearjen fan in grutskalich sportevenemint, kin subsydzje oanfrege wurde fan 2 jannewaris 2023 oant en mei 26 oktober 2023.

Tink derom: 2023 is it lêste jier dat jo subsydzje oanfreegje kinne foar de subsydzjeregeling Grutskalige sporteveneminten  

De subsydzje(eksterne keppeling) hat as doel de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te stimulearjen, mei it doel de sportdielname yn Fryslân te fergrutsjen. It subsydzjeplafond(eksterne keppeling) is € 80.000,-. 

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

De subsidiabele aktiviteiten binne: 

  • a. in ynternasjonaal sportevenemint 
  • b. in topsportevenemint 
    c. in breedtesportevenemint 

De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 5.1 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân(eksterne keppeling)

Hichte fan it subsydzje 

De hichte fan it subsydzje is maksimaal 25% fan de totale subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000,-. 

As it evenemint op syn minst seis dagen duorret yn in perioade fan fjirtjin dagen oanien en in oanwiisbere lokale ekonomyske ympuls tewei bringt, kinne jo in maksimum subsydzje fan € 10.000,- freegje. 

Mear ynformaasje 

As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei de ôfdieling Subsydzjes op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl