Grien mobiliteitsbelied, in útdaging om te omearmjen!
Werk Slim, Reis Slim organisearre tiisdei 7 oktober in ynspirearjende mobiliteitslunch yn it Kooi Stadion fan SC Cambuur. In dei fol ynsichten, praktykferhalen en moetingen oangeande duorsume mobiliteit. 70 direksjeleden, HR-spesjalisten, mobiliteitsadviseurs en oaren dy't har dwaande hâlde mei duorsumens, fitaliteit en wen-wurkferkear út hiel Fryslân wiene hjir byinoar.
It wie in ynspirearjende dei foar wurkjouwers dy't duorsum mobiliteitsbelied foarmjaan wolle of wurkjouwers dy't ûntdekke wolle hoe't se harren meiwurkers stimulearje kinne om faker de fyts te pakken, it OV te brûken of op oare duorsume wizen te reizgjen. It wie in dei fol ynsichten, praktykferhalen en moetingen oangeande duorsume mobiliteit.
Deputearre Matthijs de Vries en Kommersjeel direkteur fan SC Cambuur Jos de Kruif sette hielendal yn styl harren hantekening op in fuotbal. Dêrmei sprutsen sy harren ambysje út om duorsume mobiliteit fierder groeie te litten yn de eigen organisaasje. De ballen waarden troch in soad oanwêzigen ûndertekene. Sy sprutsen dêrmei út ek de yntinsje te hawwen om oan de slach te gean mei duorsume mobiliteit.
Oan de iene kant wie dit de befêstiging dat de Fryske organisaasjes al goed op wei binne mar foaral ek dat sy mei de ynspiraasje nei hûs gean wêrmei't se oan de slach kinne. De oanwêzigen krigen praktyske tools en tips om duorsum reisgedrach te stimulearjen, ynspiraasje fan ûnderfiningssaakkundigen, netwurkmooglikheden en in eksklusyf blik efter de skermen by SC Cambuur.
Werk Slim, Reis Slim (WSRS)
WSRS is in projektorganisaasje wêryn't Provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert en it Ministearje fan I&W nau gearwurkje oan it ferduorsumjen fan mobiliteit yn it wen-wurkferkear en wurkferkear yn Fryslân. De doelstelling fan WSRS is dat Fryske bedriuwen en organisaasjes effektyf en fersneld harren mobiliteit ferduorsumje en helpt dêrby fergees mei advys en stipe. Mei tûke duorsume maatregels en regeljouwing kin WSRS wurkjouwers ynspirearje harren meiwurkers oars wurkje te litten, reizgje en ferfiere: tûk, feilich, sûn en duorsum.