Genietsje en far bewust: gun fûgels winterdeis har rêst
Us Fryske marren binne in populêr plak foar in grut tal oerwinterjende wetterfûgels. Om dy fûgels foldwaande rêst te jaan, wurdt wettersporters en rekreanten frege om fan 1 oktober oant 1 april guon gebieten te mijen. Dy fûgelrêstgebieten binne markearre mei giel-blauwe boeien. Ek steane der ynformaasjebuorden yn it gebiet. Dat alles komt byinoar yn de earekoade: geniet en vaar bewust, gun vogels in de winter hun rust.
Giele boeien mei blauwe stickers en de tekst ‘Ik rust!’ markearje de fûgelrêstgebieten yn de winterperioade. Nij fan ‘t jier binne ynformaasjebuorden op plakken dêr't wettersporters en rekreanten it wetter op geane of tichter by it gebiet komme. De buorden lizze út wêrom't rêst sa wichtich is en hoe'tst maklik bydrage kinst oan de beskerming fan de fûgels.
Kwetsbere fûgels hawwe rêst nedich
Yn de winter strike tûzenen kwetsbere wetterfûgels yn Fryslân del, lykas slob, it nontsje en de piiptjilling. Sy brûke dy moannen om oan te sterkjen en in fetlaach op te bouwen. As fûgels fersteurd wurde, reitsje se strest, hâlde se op te iten of fleane se op. Alle kearen dat se dat dogge, ferlieze se reserves dy't se hurd nedich hawwe om yn ’e maitiid harren lange trek nei de briedgebieten te meitsjen. By te folle fersteuring mije fûgels in gebiet úteinlik hielendal.
Wêr lizze de fûgelrêstgebieten?
De fûgelrêstgebieten lizze lâns de ûndjippe rânen fan de marren yn de Natura 2000-gebieten Snitser Mar en omkriten, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeaster Brekken, de Fluezen en de Alde Feanen. Drokke farrûtes en soalen bliuwe gewoan tagonklik, sadat rekreaasje en natuer yn balâns bliuwe.
Earekoade en gearwurking
De fûgelrêstgebieten binne ûnderdiel fan in mienskiplike oanpak fan provinsje Fryslân, wettersportferienings, natuerorganisaasjes en ûndernimmers. Mei-inoar soargje wy derfoar dat elkenien genietsjen kin fan de Fryske marren, wylst de fûgels de rêst krije dy't se nedich hawwe.
Mear ynformaasje en in kaart mei de gebieten is te finen op www.fryslan.frl/fy/fugelrestgebiet.