Gemeente, wetterskip en provinsje nei de rjochter tsjin langere gaswinning fjild De Harkema / UMOG
Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en gemeente Achtkarspelen geane by de Ried fan Steat yn berop tsjin it langer oppompen fan gas by it fjild Harkema / UMOG. UMOG stiet foar Oerterp-Marum-De Grinzer Pein East-Gruttegast.
De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) krige it gas by De Harkema / UMOG stadiger út de grûn as se tocht. Mei in aktualisearre gaswinningsplan frege de NAM de minister fan Klimaat en Groene Groei (KGG) formele tastimming om langer gas te winnen: fan 2025 oant en mei 2031. De minister hat hjir no definityf mei ynstimd. Gemeente, wetterskip en provinsje tsjinnen earder krityske sjenswizen yn op it ûntwerp-ynstimmingsbeslút en stelle no berop yn by de Ried fan Steat tsjin de definitive ynstimming fan de minister.
Oerheden unanym tsjin gaswinning
Wethâlder Jelle Boerema fan de gemeente Achtkarspelen: “Gaswinning hat neidielige gefolgen, lykas boaiemdelgong en feroaringen yn de boaiemgearstalling. Mei mooglik skealike gefolgen foar sûnens, wolwêzen en de feiligens fan ús ynwenners. En as al gas wûn wurdt, moatte de lusten en lêsten mei-inoar yn lykwicht wêze.” De oerheden sjogge nammentlik flinke lêsten.
Langer gas winne betsjut ekstra boaiemdelgong. Troch dizze ferlinging sil nei ferwachting de feangreideboaiem yn totaal gjin 2 mar 4 sintimeter sakje. En dat is net mear te kearen, warskôget deistich bestjoerslid Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân: “Ons watersysteem wordt al kwetsbaarder, vooral in veenweidegebied.” It gebiet krijt mei dizze gaswinning in ekstra klap en der is gjin marzje om dat op te fangen.
Ek de Mynried en it Staatstoezicht op de Mijnen warskôgen al dat de boaiemdelgong gefolgen hawwe kin foar natuer, miljeu en wetterhúshâlding. De trije oerheden roppe de minister op om net allinnich nei de gefolgen fan de ekstra gaswinning op koarte termyn te sjen, mar ek op lange termyn (in kwetsberder systeem). Deputearre Friso Douwstra fan provinsje Fryslân: "Der is gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân. We meitsje ús hjir grutte soargen oer. Nije of ekstra gaswinning yn Fryslân? Doch it net!.”
Oardiel Ried fan Steat
Mei harren berop freegje de trije Fryske oerheden de heechste bestjoersrjochter om in oardiel oer it ynstimmingsbeslút. De Ried fan Steat sil him bûge moatte oer de argumintaasje en beoardielje oft it ynstimmingsbeslút goed ûnderboud en soarchfâldich nommen is. Sjoen it tal prosedueres by de Ried fan Steat, kin it efkes duorje foardat de rjochter dit berop behannelet en útspraak docht.