Fyftjin adviseurs tûke mobiliteit oplaat
Nei in omskoallingstrajekt fan seis moanne hawwe fyftjin dielnimmers it opliedingsprogramma Slimme en Griene Mobiliteit Noard ôfrûne. Op 25 april krigen sy harren sertifikaat op in gearkomste op it provinsjehûs yn Grins. Dêrmei kinne sy no oan de slach as adviseur tûke mobiliteit.
Famylje, freonen en dosinten wiene oanwêzich by de feestlike ôfsluting. Deputearre Erik Jan Bennema iepene de dei. De sertifikaten waarden útrikt troch Eke Folkerts, deputearre fan de provinsje Fryslân. Mei de buorrel nei ôfrin wie der romte om stil te stean by wat de dielnimmers yn koarte tiid berikt hawwe.
Leare en wurkûnderfining opdwaan
It programma kombinearre teory en praktyk. De dielnimmers folgen fan oktober 2024 oant jannewaris 2025 kolleezjes oer aktuele ûnderwerpen lykas ferkearskunde, autonoom ferfier, digitalisearring en duorsume ferpleatsing. Yn de twadde helte fan de oplieding wurken de dielnimmers by in provinsje, gemeente, advys - of yngenieursburo. Under begelieding fan mobiliteitseksperts diene se ûnderfining op as adviseur tûke mobiliteit.
Tûke en Griene Mobiliteit Noard
It fergeze opliedingsprogramma Slimme en Groene Mobiliteit Noord is opset fanwege de groeiende fraach nei professionals yn de mobiliteitssektor. It programma biedt minsken dy't noch net yn dit fakgebiet wurkje de kâns om har om te skoallen en in karriêre yn de tûke mobiliteit te starten. Tagelyk leveret it oerheden en bedriuwen nije professionals op mei aktuele kennis. It programma is in inisjatyf fan de provinsjes Fryslân en Grinslân, yn gearwurking mei it UWV en Werk in Zicht.