De provinsje Fryslân giet soarchfâldich mei jo persoonsgegevens om en hannelet oerienkomstich de Algemene verordening gegevensbescherming (AVG) en de Uitvoeringswet Algemene verordening gegevensbescherming (UAVG).

Foar kontakt mei ús funksjonaris gegevensbescherming kinne jo maile nei : privacy@fryslan.frl 

Jo hawwe ta oansjen fan jo eigen persoansgegevens bepaalde rjochten. Klik hjir(eksterne keppeling) foar útlis fan jo rjochten.

As jo in rjocht op basis fan de AVG útoefenje wolle, dan kin dat mei ûndersteand formulier. Jo logge yn mei help fan DIGID.

AVG-fersyk

Bûtengewoan opspoaringsamtners (BOA ’s) en privacy.

Provinsje Fryslân hat BOA’s yn tsjinst. De gegevens dy't BOA’s sammelje en ferwurkje by harren opspoaringstaak falle ûnder de Wet politiegegevens(WPG) en it Besluit politiegegevens buitengewoon opsporingsambtenaren.

Ek by dy taak giet provinsje Fryslân soarchfâldich om mei jo persoansgegevens.

Provinsje Fryslân docht gjin stikem opspoaringsûndersyk. As in oertrêding konstatearre wurdt, dan krije jo in offisjele warskôging of in proses-ferbaal. Tsjûgen en slachtoffers kinne ek frege wurde om harren kontaktgegevens te jaan.

De opmakke prosessen-ferbaal wurde trochstjoerd nei it Centraal Justitieel Incassobureau(CJIB) of nei it Iepenbier Ministearje.

De WPG jildt allinnich as der persoansgegevens ferwurke wurde foar strafrjochtlike hanthavening. Ferwurket in tafersjochhâldend amtner persoansgegevens foar bestjoersrjochtlike hanthavening (twangsom of bestjoerstwang), dan is de AVG fan tapassing.

Under de Wet plysjegegevens hawwe jo oangeande jo gegevens ek beskate rjochten, nammentlik it rjocht op ynsjen, rektifikaasje, oanfolling of ferneatiging.

Mear ynformaasje oer jo rjochten

Jo hawwe - koart gearfette - it rjocht om te freegjen:

  • Oft wy persoansgegevens fan jo ferwurkje en foar hokker doelen?
  • Om ynsjen yn jo persoansgegevens en oft wy dy earder jûn hawwe en sa ja oan hokker ynstânsje(s)?
  • Om korreksje fan ûnkrekte gegevens of, as dat nedich is, oanfolling fan jo persoansgegevens.
  • Om it ferneatigjen fan jo persoansgegevens mar allinnich as de gegevens ferwurke binne yn striid mei in wetlik foarskrift of as ferneatiging needsaaklik is om te foldwaan oan in wetlike ferplichting.
  • Wy kinne jo fersyk hielendal of foar in part ôfwize op grûn fan de Wpg. Bygelyks as jo fersyk neidielige gefolgen hawwe kin foar it opspoaren fan strafbere feiten. Jo krije altyd skriftlik in berjocht fan de ûntfangst en de ôfhanneling fan jo fersyk.

Klik hjir(eksterne keppeling) as jo mear witte wolle oer de Wet politiegegevens.

As jo in rjocht op basis fan 'e Wet plysjegegevens útoefenje wolle, dan kin dat mei ûndersteand formulier. Jo logge yn mei DIGID.

WPG-fersyk

Hawwe jo in fraach oft in klacht oer it brûken fan jo persoansgegevens troch provinsje Fryslân, dan kinne jo kontakt opnimme mei de Funksjonaris Gegevensbeskerming fia privacy@fryslan.frl.

Ek kinne jo by klachten oer it brûken fan jo persoansgegevens troch provinsje Fryslân terjochte by de Autoriteit Persoonsgegevens. Op 'e webside fan de Autoriteit(eksterne keppeling) fine jo mear ynformaasje oer privacy en soarchfâldich omgean mei persoansgegevens.